Crediton
Crediton is in plak (town) en civil parish yn it Ingelske greefskip Devon, sa'n 12 km benoardwesten Exeter. It plak leit yn de nauwe delling fan de rivier de Creedy, tusken twa steile hichten en is yn twaen ferdield: it eastlik part is de Alde Stêd en it westlike de Nije Stêd.
Crediton | ||
Parochytsjerke fan Crediton | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ingelân | |
Greefskip | Devon | |
Distrikt | Mids Devon | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ↑7.835 (2011) | |
Oar | ||
Postkoade | EX17 | |
Tiidsône | UTC+0 |
De earste oanwizing foar in delsetting op it plak fan Crediton is de fernijing dat Winfrith of Bonifatius dêr berne waard om 672 hinne.