Hendrik Klazes Bruining (Dokkum, 16 jannewaris 1850 – dêre, 19 april 1925) wie in Fryske ûnderwizer, berneboekeskriuwer, tekstdichter, tekener en skilder.

Hendrik Bruining
skriuwer
Portret fan Hendrik Bruining
Portret fan Hendrik Bruining
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 jannewaris 1850
berteplak Dokkum
stoarn dêre, 19 april 1925
etnisiteit Frysk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre berneboek, bernefersen, berneferskes
bekendste
  wurk(en)
Daantje zou naar school toe gaan’’

In bekend berneferske fan syn hân wie 'Daantje zou naar school toe gaan'.

Libben en wurk bewurkje seksje

Hendrik Bruining wie de soan fan timmerfeint Klaas Bruining en Fokje Gerkes Veltkamp. Hy waard yn 1877 skoalmaster oan de iepenbiere Boargerskoalle yn Dokkum. De skoalle stie oan it Suderbolwurk by de Wâldpoartebrêge en Bruining soe dêr oant syn pinsjoen bliuwe. Dêrneist wie hy tsjerkeriedslid fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke, siktaris fan de iisklup Dockum en siktaris fan de Feriening foar Folksfermaken. Hy bleau syn hiele libben frijfeint.[1]

Doe’t er sechtjin jier wie skreau er syn earste lytse boekje ‘Mijn Levensloop’ dêr’t er syn jonge libben yn beskriuwt. Hy makket der sels in tekening by, mar it boekje soe nea útjûn wurde. Bruining soe letter ferskate boekjes mei ferskes en lietsjes foar bern skriuwe, en letter in fiiftal lêsboeken.

Inkele fan syn berneferskes waarden opnomd yn it bernelieteboek Kun je nog zingen, zing dan mee! Vijf en zeventig algemeen bekende schoolliederen voor jonge kinderen (1912) Dêrtroch krigen dy ferskes mear bekendheid. It giet om:

  • Daantje zou naar school toe gaan, / Maar hij bleef gedurig staan
  • Tarabom! Tarabom! Tarabom! / Ik hoor de trommels slaan
  • Mijn zusje kreeg van Sinterklaas / Twee emmertjes van blik
  • Daar waren twee muzikantjes, / Onlangs bij ons in de stad

De earste twa mei muzyk fan Herman Johannes den Hertog (út: 25 Liedjes om op het gehoor te zingen), de lêste beide fan T.E. Halbertsma (út: Liedjes voor school en huis).

Ek it lietsje ‘’' 't Maantje tuurt, 't Maantje gluurt / Door al onze vensterruiten'’ (muzyk: H.J. den Hertog) waard yn meardere (skoal)lietebondels oernomd.

Utjeften (in kar) bewurkje seksje

Bernegedichtsjes en bernelietsjes
  • Liedjes voor school en huis: in noten- en cijferschrift. Muzyk: T.E. Halbertsma (1888)
  • Uit alle jaargetijden: gedichtjes voor kinderen (1892)
  • Gedichtjes voor kinderen I: Speelgoed (1892)
  • Gedichtjes voor kinderen II: In huis en daar buiten (1892)
  • Wij vieren ook feest! Acht liedjes voor bewaarscholen en de laagste klassen der volksschool. Muzyk: T.E. Halbertsma (1898)
  • 25 Liedjes om op het gehoor te zingen. Muzyk: H.J. den Hertog (1900)
  • Versjes en poppetjes (1912)
Lêsboeken
  • Bouke de hardrijder (1913)
  • Een dag uit visschen (1918)
  • Oude Wytske (1921)
  • Hein Krol (1925)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch foar in mear útwreide libbensbeskriuwing: Harry Karssies, 'Een schets van Hendrik Bruining', yn: Kouwe drukte, Stichting De Poolster, sammelfermidden fan reedriden (jrg. 18, desimber 2014), side 14-21.