Grifformearde Tsjerken yn Súd-Afrika
De Gereformeerde Kerke in Suid-Afrika (ôfkoarte GKSA; Grifformearde Tsjerken yn Súd-Afrika) is in tsjerkegenoatskip yn Súd-Afrika. De leden fan it yn 1859 yn Rustenburg oprjochte tsjerkgenoatskip wurde somtiden Doppers neamd.
Skiednis
bewurkje seksjeYn it begjin fan de 19e iuw waard yn de herfoarme tsjerken fan Nederlân in nij psalmboek ynfierd, dat ek yn de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke fan de Kaapkoloanje yntrodusearre waard. In protte lieten yn it psalmboek kamen net oerien mei de belidenisskriften (Nederlânske geloofsbelidenis, de Heidelberchske Kategismus en de Doartske learregels) lykas dy fêststeld wiene troch de Synoade fan Doardt yn 1618-1619. It brocht ûnrêst yn de tsjerke en guon leden wegeren de lieten te sjongen. Harren biedwurd wie In God's huis, God's lied. Yn 1859 namen 15 mannen it beslút of harren fan de tsjerke ôf te skuorren. De wichtichste stifters fan it nije tsjerkegenoatskip kamen út de omkriten fan Rustenburg. Under har wie ek Paul Kruger, de letter presidint fan de Súd-Afrikaanske Republyk.
De 15 mannen organisearren op 10 febrewaris 1859 in moeting ûnder in seringebeam, dêr't 300 minsken harren as leden fan it nije tsjerkegenoatskip ynskriuwe lieten. De oarspronklik fan Dokkum ôfkomstige dûmny Dirk Postma wie doe yn Súd-Afrika en waard frege om predikant te wêzen. Hy naam it berop oan en sette him nei wenjen yn Súd-Afrika.
Al gau ûntstie ek de needsaak oan in oplieding foar predikanten en ûnderwizers. De earste oplieding wie op Burgersdorp. De earste oplieding, de Teologiese Skool Burgersdorp waard fêstige yn Burgersdorp yn de East-Kaap, mar nei de Earste Boerekriich ferhûze de oplieding nei Potchefstroom. De skoalle groeide de Universiteit foar Kristlik Heger Underwiis út ta in echte universiteit mei de faktulteit Teology.
De GKSA tsjintwurdich
bewurkje seksjeDe offisjele namme fan it genoatskip is Die Gereformeerde Kerke in Suid-Afrika (GKSA).
Om de trije jier komt de synoade byinoar yn Potchefstroom. De GKSA is ferstjintwurdige yn de Republyk fan Súd-Afrika, Namybje, Simbabwe en Lesoto.
Op de preekstoel wurde alle alve offisjele talen fan Súd-Afrika en Frânsk brûkt.
De tsjerke ûnderhâldt oekumenyske bannen mei oare tsjerken yn de wrâld.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Afrikaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1] |