Dokkumer Kofje
(Trochferwiisd fan Dockumer kofje)
Dokkumer kofje is gleone kofje mei in fluts Bearenburch, ôfdutsen mei slachrjemme. It is in Fryske spesjaliteit.
Yngrediïnten:
- 1/8 l. slachrjemme
- 4 teeleppeltsjes brune sûker
- 4 buorrelgleskes bearenburch
- ±. ½ l. sterke hjitte kofje
Tarieding:
Klopje de slachrjemme dik floeiber en set him oant brûken yn de kuolkast. Ferdiel de sûker en de bearenburch oer fjouwer Irish-coffeeglêzen (of oare hjittebestindige glêzen) en skink de gleone kofje derby, oant de sûker oplost is, oant 1½ á 2 sm ûnder de râne. Rier de kofje troch oant de sûker oplost is. Set in ytleppel mei de bolle kant nei boppe yn it glês, sadat it puntsje fan de leppel krekt de kofje rekket en lit de slachrjemme foarsichtich oer de leppel op de kofje rinne.
Fergelykje: