It Mar (buorskip)

It Mar is in earder buorskip eastlik fan It Hearrenfean en no in wenwyk fan dat plak.

It Mar

It Mar rint fan de Heidebuorren en de Nijebuorren by "De Opslach" oant de grins mei 'De Knipe', ûngefear 50 meter noard-eastlik fan de Wâldterdyk. Waard yn 1852 befluorre by de oanlis fan de strjitwei It Hearrenfean-De Gordyk. It Mar is fan âlds in langhalich buorskip. Oant 1841 wie hjir, by de eardere Jiskebrêge, de Roomske Tsjerke fan It Hearrenfean. Yn 1951 is It Mar administratyf by It Hearrenfean lutsen en is sûnttiid gjin ôfsûnderlik doarp mear mar in strjitnamme.

De namme hat neat te krijen mei in mar as wetter mar komt fan Mear of Maer, in âlde namme foar grins- of grinsskieding. Sa falt yn âlde stikken te lêzen oer de “Hemriks Maer” wêrmei't de grins fan de himrik bedoeld wurdt, meastentiids in sleat. Yn dit gefal giet it om de grins tusken Aenjewier en Skoatterlân.

Der waard wol miend dat de namme komt fan de eardere feanplassen benoarden It Mar, mar it wurd is folle âlder. By de oprjochting fan de Dekema-, Cuijck- en Foeyts-feankompanjy, wie It Mar ien grut feanmoeras. Foar de drûchlizzing dêrfan yn de 16e iuw waard earst de Hearresleat/Skoatterlânske Kompanjonsfeart groeven om it tefolle oan wetter ôf te fieren. De boeren yn Eagmaryp en Terherne dienen de kompanjons in proses oan, omdat se dit smoarge wetter net by harren lannen hawwe woenen. De macht fan de hearen Kompagnons wie doe al sa grut, dat gjin inkele abbekaat yn Ljouwert de belangen fan dizze boeren doarde te ferdigenjen. Dit wie lykwols wol begryplik, omdat Van Dekema lid wie fan de Hove van Friesland dêr't se foar ferskine moasten.

By de feanslûs by it molkfabryk, neist it fiadukt oer de Skoatterlânske Kompanjonsfeart stiet it hearehûs Huzinge Voormeer. It is fan ± 1600 en is yn 1800 yngreven ferboud. Oan de Hearrenfeanster kant fan it fiadukt de pleats "Voormeer Zathe". Yn 1958 wennen yn It Mar ± 900 minsken.

Yn it ramt fan it Prinsewykplan is yn 1969/70 de Skoatterlânske Kompanjonsfeart tichtsmiten en krige oant yn De Knipe in asfaltlaach.

 
Wenwiken fan It Hearrenfean

De Heide | De Greiden | De Ikkers | Hearrenfean-Midden | Hearrenfean-Noard | Nijehaske | Skoatterwâld

Oanswettende buorskippen & doarpen
Aldskoat (1965-2003 Hearrenfean-Súd) | It Mar | It Oranjewâld | Nijskoat

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Meer, Het.