.

Wenwyk Nijehaske sjoen fan it Nije Hearrenfeanster Kanaal ôf

Nijehaske is in wenwyk yn it westen fan It Hearrenfean en hat sa'n 3500 ynwenners.

De wyk Nijehaske is neamd nei it plak Nijehaske, dat noardwest fan de wyk leit. De wyk is yn de jierren 80 fan de 20e iuw ûntstien en waard oant yn de jierren 90 boud.

Oan de súdside wurdt Nijehaske begrinze troch de Engelenfeart en oan de westside troch it Nije Hearrenfeanster Kanaal. Oan de noardside leit bedriuweterrein Businesspark Fryslân. It sintrum is troch in fytstunnel ûnder stasjon It Hearrenfean te berikken.

Strjitnammen

bewurkje seksje

De postkoade fan de strjitten yn de wyk begjint mei 8447. Troch de wyk rint de Haskerútgong, de ferbiningswei tusken de wyk De Greiden yn it suden en it bedriuweterrein yn it noarden.

  • Baggelbak
  • Baalder
  • Barten
  • Bûgel
  • Beurtskip
  • Bokslee
  • Bolster
  • De Kimen
  • De Lûken
  • De Swurden
  • De Warring
  • De Wimpel
  • Haskerútgong
  • Hoopstede
  • It Foardek
  • It Rûm
  • Jutte
  • Karturf
  • Klynlân
  • Lawei
  • Pream
  • Roede
  • Setfjild
  • Spitter
  • Sponturf
  • Toellân
  • Trekker
  • Trekskûte
  • Turfstekker


 
Bornego Kolleezje (Bûgel)
 
Wenwiken fan It Hearrenfean

De Heide | De Greiden | De Ikkers | Hearrenfean-Midden | Hearrenfean-Noard | Nijehaske | Skoatterwâld

Oanswettende buorskippen & doarpen
Aldskoat (1965-2003 Hearrenfean-Súd) | It Mar | It Oranjewâld | Nijskoat