Hearrenfeanster Kanaal
It Hearrenfeanster Kanaal is in kanaal yn de gemeenten It Hearrenfean. It Kanaal wurdt ek wol Nije Hearrenfeanster Kanaal neamd.
It rint fan it Nonnegat by de Deelsbrêge op Haskerdiken en rint dan oan de westkant fan it spoar Akkrum-It Hearrenfean oan de westkant fan de suveringsynstallaasje en de nijbouwyk Nijehaske troch nei de Feanskieding. Fan de Feanskieding rint it kanaal fierder as Engelenfeart nei de súdliker lizzende Tsjonger.
Skiednis
bewurkje seksjeIt Nije Hearrenfeanster Kanaal waard yn de jierren 70 groeven west fan It Hearrenfean. It súdlike diel fan it kanaal foarmet de grins mei de gemeente Skarsterlân. In diel fan Vegelinsoard, ûnder oare inkele wenten en in slûs, moast by de oanlis ferdwine.
Geografy
bewurkje seksjeBy It Hearrenfean slút it kanaal oan op de Engelenfeart en yn it noarden op it Deel. It kanaal rint lâns twa bedriuwsterreinen ten noarden fan de A7: Kanaal en Haskerfean. Tusken It Hearrenfean en Nijehaske leit de Jousterbrêge oer it kanaal.
Bylâns it Nije Hearrenfeanster Kanaal rint ek de Hearresleat, mar dy leit east fan it spoar. Skipfeart op it kanaal hat ek oansluting op de Hearresleat middels in spoarbrêge tichtby de Grevensmole.
De namme Hearrenfeanster Kanaal jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Heerenveens Kanaal