Nes (It Hearrenfean)
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | It Hearrenfean | ||||
Ynwennertal (2020) | ↓1.060 | ||||
Webstee |
Nes is ien fan de doarpen yn de gemeente It Hearrenfean. It doarp hat likernôch 1000 ynwenners. Nes sit wat bebouwing oangiet oan Akkrum fêst, sadat meast sprutsen wurdt oer Akkrum-Nes. De wettertoer fan Nes is in markant beaken yn it lânskip fan Mid Fryslân.
SkiednisBewurkje
Nes is ûntstien op in terp oan de noardkant fan de Boarn, eastlik fan de Nesker Sylroede. Op dy terp stie fan 1228 oant 1580 it Nesker Konvint, in kommanderij fan de Dútske Oarder. Nei dy tiid ferfoel it gebou. Yn de 18e iuw wie dat sa slim wurden dat men om 1800 hinne de klok oerbrocht nei in apart klokhús. Op de terp binne no allinnich noch it klokhús en it tsjerkhôf oer.
Oant yn de 19e iuw lei it grutste part fan it doarp westlik fan de terp, by de Neskersyl, yn de hoeke tusken Boarn en Sylroede. Mar yn de 20e iuw hat der in grutte útwreiding west oan de súdkant fan de Boarn, en oan it begjin fan de 21e iuw is oan de westkant fan de Sylroede de grutte útwreiding Boarnstee byboud, dat it doarp is min-ofte-mear nei Akkrum ta ferplakke. Nes wie oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 part fan de eardere gemeente Utingeradiel.
LizzingBewurkje
Het doarp leit op it plak dêr't de Nesker Sylroede op de Boarn útkomt. De namme, dy't yn 1243 foar it earst neamd wurdt, hat it krigen fan de punt lân tusken dizze twa wetters. Wat mear nei it noarden lizze, west fan de Sylroede, de buorskippen Burstum en Bokkum dy't ek ta it gebiet fan Nes rekkene wurde.
FerbiningsBewurkje
Nes leit oan de âlde Leppedyk, en de nije A32, dêr't it lykwols allinnich fia de N392 ferbining mei hat. De A32 giet hjir ûnder it Leppe-akwadukt troch om't ek de Boarn troch Nes rint. Dy rivier komt út it easten fan Aldeboarn en rint nei it westen nei Akkrum. Yn it doarp giet fan de Boarn de Nesker Sylroede troch de Neskersyl nei it noarden, nei de Peanster Ie en fierder nei Grou.
FerskaatBewurkje
- In bekende ynwenner fan Nes is Foppe de Haan.
- Op it begraafplak stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.
RûtenBewurkje
Oer it wetter komt troch Nes de lange Turfrûte. Oer lân is it doarp part fan it Jabikspaad.
Untwikkeling ynwennertalBewurkje
StrjittenBewurkje
Burstum, Bokkumerwâl, Burdinewei, De Harhammer, De Harke, De Iperen Poarte, De Oper, De Opstekker, De Reak, De Rolpeal, De Seine, De Strikel, De Syl, De Tiempeal, De Wurdze, It Harspit, It Swee, Kleasterwei, Pean, Soarremoarre, Sodumerdyk, Sylroedepaad.
Sjoch ekBewurkje
Haadplak: It Hearrenfean | |
Doarpen en útbuorrens: Aldeboarn • Aldhoarne • Aldskoat • Akkrum • Bontebok • Gersleat • Haskerdiken • Hoarnstersweach • Jobbegea • Ketlik • De Knipe • Lúnbert • Mildaam • Nes • Nijbrêge • Nijhoarne • Nijskoat • Oranjewâld • Terbant • Tsjalbert | |
Buorskippen: Aldskou • Annebuorren • Brongergea • Burstum • Easterboarn • Jinshuzen • Meskenwier • Pean • Poppenhuzen • Jobbegea-Skuorregea • Soarremoarre • Spitsendyk • Sythuzen • Warniahuzen |