Leppedyk (dyk)
De Leppedyk wie in âlde binnendyk dy't oant 1877 ta Eastergoa beskerme tsjin opwaaid wetter út Sânwâlden. It ûntliede har namme oan it distrikt Leppa fan Winninge, de súdlike njoggene fan Eastergoa.
De dyk begûn by Jirnsum (yn de Boarn de Jirnsumersyl), folge de noardlike ouwer oant noard fan Easterboarn, rûn oer Warniahuzen nei de grins tusken Smellingerlân en Opsterlân en oer dy grins eastwerts oant de hege grûnen by Nij Beets.
It dykfek east fan Warniahuzen hiet Alde Leppedyk of Sydwend. Dy waard yn 1831 ferfongen troch de mear súdlik lizzende Nije Leppedyk. It dykfek Jirnsum-Easterboarn is wierskynlik fan foar 1100. De fuortsetting fan de eastlike Middelseedyk gie lâns de Boarneslinke.
Nei de opsliking fan de Middelsee en it graven fan de Alde Wjittering (foar ôffier fan it Boarnwetter) waard de Leppedyk binnendyk. De dyk east fan Warniahuzen bestiet nei alle gedachten út fekken fan âlde doarpspolderdiken. It behear fan de dyk wie oan it wetterskip Leppedyk. Yn 1877 waard troch de Steaten besluten omn de silen iepen te stellen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|