Walle
De Walle is in histoaryske dyk dy't begjint by de hege grûnen súd fan Lauswolt en besuden Beetstersweach en Ald-Beets lâns rint, oant justjes east fan de Swynswei.
Dêrwei rûn eartiids in oare dyk, de Sydwalle, nei it noarden oant it Mear ta. Westlike Sydwalle en It Mear foarmen eartiids de bediking fan grûnen ûnder Beets. Bewesten de wei Beetstersweach-De Gordyk en de A7 is de Walle noch ridlik yntakt, en docht tsjinst as polderdyk foar de polder Ald-Beets. It lêste ein by de Swynswei is ek noch as dyk werom te kennen.
Wallebosk
bewurkje seksjeSúd fan Beetstersweach leit de Wallebosk tusken de Walle, dy't dêr no in leane en wei is, en it Alddjip. Ofwikseljend stik nullebosk, mei oanplant fan lariks, douglasspjirre en fynspjirre neist âlder dinnebosk en persielen kaphout. De Wallebosk is yn besit fan de Van Teyens Fundatie[1].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|