Ald Beets

(Trochferwiisd fan Ald-Beets)

Ald Beets wie in earder doarp yn Opsterlân en sûnt 2014 in offisjeel buorskip ûnder Beetstersweach. It waard foar it earst neamd yn 1315. Yn in Latynske tekst stiet Beke en yn 1480 Beetze. In stik lân by it doarp hjitte yn 1543 Bexterwerren.

Tsjerkhôf Ald Beets, it plak fan de eardere Adelstsjerke

Ut it doarp wei ûntstienen twa delsettings: Beetstersweach yn de 13e/14e iuw en de turfstekkerskoloanje Nij Beets. It grutste diel fan de himrik fan Ald Beets kaam nei de Twadde Wrâldoarloch ûnder it nijfoarme doarp Nij Beets. Op it hôf fan de eardere herfoarme helptsjerke fan 1889 (de saneamde 'Adelstsjerke'), yn opdracht fan de aadlike famyljes út Beetstersweach boud, dy't der oantemei 1984 stien hat, lizze de grêven fan pommeranten út Beetstersweach. Yn 1988 is der in klokhús op it plak fan de tsjerke delset.

Sûnt 1958 trochsnijt rykswei 43, no de A7, de boerestreek fan it eardere Beets.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karel F. Gildemacher, "Friese Plaatsnamen", Ljouwert, Friese Pers Boekerij 2007,
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Oud-Beets
Opsterlân
Doarpen en útbuorrens:
BakkefeanBeetstersweachFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen:
Ald BeetsAllardseach (foar in part)It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part)Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden
· · Berjocht bewurkje