De Adelskerk wie oant 1984 in tsjerke yn Ald Beets, Opsterlân.

Adelstsjerke
bouwurk
De eardere Adelstsjerke
De eardere Adelstsjerke
lokaasje
lân flagge fan Nederlân Nederlân
Gemeente Opsterlân
plak Ald Beets
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1889
sloopjier 1984
arsjitekt Luitje de Goed

De tsjerke waard yn 1889 boud en ferfong in tsjerke út de 16e iuw dy't wijd wie oan de hillige Gertrudis. De adelstsjerke waard betelle troch de famyljes Lycklama à Nijeholt en Van Lynden út Beetstersweach. De ienbeukige tsjerke mei trijsidich koarsluting yn neorenêssânse-styl waard boud neffens in ûntwerp fan Luitje de Goed (1853-1926) fan Beetstersweach. De transepten hiene trepgevels mei rolwurk, obelisken en in fronton op de top yn de trant fan Hendrick de Keyser en Hans Vredeman de Vries. De rûnbôgefinsters krigen glês yn lead-ruten. De gevel hie in bôgefries. Dûmny Isaac Spandaw hold de earste preek op 10 augustus 1890.

It oargel út 1904 waard makke troch Maarschalkerweerd & Soan. It wie in presint fan August Lycklama. Yn 1957 waard it oargel troch de firma Reil oerset nei de Sudertsjerke yn Drachten.[1] De tsjerke waar fan 1958 ôf net mear brûkt. De achtkante toerspits waard yn 1967 troch wjerljocht fernield. Yn 1984 waard de fertutearzge tsjerke sloopt. De twa klokken binne op it hiem fan Museum Opsterlân op De Gerdyk set. It tsjerkhôf krige yn 1988 in klokkestoel.

Fan 1963 oant 1987 wie de tsjerke it atelier fan byldzjend keunstner Jaap van der Meij. Der moatte noch muorreskilderingen fan him yn de mei pún tichtsmiten kelder fan de tsjerke wêze. Museum Opsterlân is anno 2017 fan doel dy wer foar it ljocht te heljen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat

  1. orgbase.nl