Sportstêd It Hearrenfean

Sportstêd It Hearrenfean, yn de folksmûle ek wol Sportstêd neamd, is in multifunksjoneel gebouwenkompleks op It Hearrenfean. Ta Sportstêd heart it gebiet fan it Boargemaster Kuperusplein en omkriten, it Sintrum-West (Dimpte Mûnewyk), de strook fan It Hearrenfean-Midden by de Koarnbeursdyk del en it noardlik part fan it sintrum oant de K.R. Poststrjitte. Dit gebiet wurdt ek wol It Hearrenfean Sintrum-Breed neamd.

De eastkant fan Sportstêd, te sjen fan de A32 ôf.

It kompleks is yn behear fan de stifting Sportstêd It Hearrenfean BV. Oandielhâlders binne:

De westlike kant fan Sportstêd.

Op de lokaasje fan wat letter Sportstêd It Hearrenfean waard stiet sûnt 1994 it Abe Lenstra Stadion. Yn it begjin fan de 21e iuw waarden plannen makke om der in multyfunksjoneel kompleks fan te meitsjen. It Abe Lenstra Stadion, dat by it projekt útwreide wurde soe, waard in ûnderdiel fan it projekt. Yn 2003 waard begûn mei de bou fan Sportstêd.

Sportstêd bestiet út in oantal ûnderdielen:

  • In swimbadkompleks mei fjouwer swimbaden, wêrûnder in wedstriidbad fan 25 by 21 meter.
  • In sporthal besteande út ferskillende lytsere hallen. Bygelyks in turnhal, in tennishal en romten foar oare sporten.
  • In gebou wêryn it Fryslân Kolleezje fêstige is. Under oaren de CIOS oplieding is hjir fêstige.

Neidat Sportstêd yn 2006 yn gebrûk nomd waard, binne de Sporthal De Kamp, yn wenwyk De Greiden en it sportkompleks De Telle ôfbrutsen.

Sportferienings

bewurkje seksje

Under oare:

{{Boarnenboarnefernijing=

}}