De Friesland Zorgverzekeraar

De Friesland Zorgverzekeraar, koartwei De Friesland, wie in Nederlânske fersekeringsmaatskippij dy't him talei op it fersekerjen fan sûnenssoarch. De Friesland wie in selsstannich bedriuw, mar gie per 1 jannewaris 2018 folslein op yn Zilveren Kruis, hoewol't de namme ek dêrnei yn gebrûk bleau, as in merk fan Achmea, it memmebedriuw fan Zilveren Kruis.[1] Foartiid wurke De Friesland al sûnt 2011 nau gear mei Zilveren Kruis.

De Friesland Zorgverzekeraar
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor fersekeringsmaatskippij
haadkertier Ljouwert (Fryslân)
oprjochte 1815
opdoekt 2018
opgien yn Zilveren Kruis
mem Achmea
offisjele webside
www.defriesland.nl

Skiednis bewurkje seksje

De Friesland Zorgverzekeraar ûntstie út in groep sikefûnsen en sikekassen yn de 20e iuw. It âldste fûns dêrfan wie Recht door Zee, dat al yn 1815 stifte waard.

Mei de yntroduksje fan de Basisfersekering krige De Friesland der 125.000 nije klanten by. Dêrtroch wie op in stuit 65% fan de provinsje Fryslân, dêr’t it bedriuw benammen aktyf wie, klant by De Friesland. Dêrneist hie it bedriuw ek in protte klanten yn de oare fiif noardlike provinsjes: Grinslân, Drinte, Oerisel, Flevolân en Noard-Hollân. Yn dy provinsjes wie likernôch 8% fan de minsken klant fan De Friesland.

De Friesland wie foar 10,5% oandielhâlder fan Sportstêd It Hearrenfean. It bedriuw wie lid fan de skiftorganisaasjes Zorgverzekeraars Nederland (ZN) en de Vereniging Regionale Zorgverzekeraars (VRZ).

Organisaasje bewurkje seksje

De Koöperaasje De Friesland U.A. wie de sintrale rjochtspersoan.

Fierders wiene der noch fjouwer rjochtspersoanen:

  • Onderlinge Waarborgmaatschappij De Friesland Zorgverzekeraar U.A.: Dy docht de útfiering fan de AWBZ en de Soarchfersekeringswet.
  • Onderling Waarborgmaatschappij De Friesland Particuliere Ziektekostenverzekeringen.: Dy is ferantwurdlik foar it útfieren fan de oanfoljende fersekerings.
  • De Friesland Reisverzekeringen N.V.: Dêr wurde de reisfersekerings en oare fan dat soart fersekerings ôfwurke.
  • De Friesland Verzekeringen B.V.: Dy hâldt him dwaande mei de fersekeringsbemiddeling, benammen foar produkten fan tredden.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Baal, René van, De Friesland fuseert met Zilveren Kruis: "bizar", yn: de Ljouwerter Krante, 27 septimber 2017, s. 3.