Binne Roorda (Easternijtsjerk, 4 maaie 1898Kamp Sandbostel, 25 april 1945) wie in Nederlânsk (haad)ûnderwizer, grifformeard teolooch en fersetsstrider fan Frysk komôf.

Binne Roorda
Binne Roorda yn de jierren 30
Binne Roorda yn de jierren 30
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 4 maaie 1898
berteplak Easternijtsjerk
stoarn 25 april 1945
stjerplak Kamp Sandbostel
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
berop/amt Underwizer, teolooch
reden
  bekendheid
Fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch
 
Grifformearde Legere Skoalle yn Oudeschip. Boppemaster Binne Roorda stiet yn de doar

Binne Roorda waard yn 1898 berne as soan fan Philippus Roorda Mzn en Grietje Roorda-Boelens. Philippus Roorda wie de boppemaster fan de kristlike legere skoalle yn Nijtsjerk. Binne hie trije bruorren en twa susters. Doe't er krekt sân jier wurden wie stoar syn mem. Heit troude fannijs mei de widdo Ytje Prins in 1913. Ytje Prins hie ien soan en trije dochters út in earder houlik. De twadde dochter wie Pietje Wassenaar. Sy wie sân jier âlder as har styfbroer Binne. Dochs boasken Binne en Pietje op 13 jannewaris 1921.
Binne gie yn de fuotleasten fan syn heit en waard yn 1918 ûnderwizer op de skoalle fan Jeugddoarp De Glind fan de Rudolphstichting yn Barneveld. Yn 1921 waard er ûnderwizer te Nieuwlande, yn Drinte. Yn 1929 waard Binne Roorda haad fan de grifformearde legere skoalle yn Oudeschip yn Grinslân. Nei de berte fan harren seisde bern stoar syn frou Pietje op 6 desimber 1929.

Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Fan oktober 1942 oant begjin 1945 ferburch Roorda acht Joadske manlju, froulju en bern yn syn krappe boppewent oan de Ernst Casimirlaan 4a yn Grins, dêr't er al wenne mei syn fiif bern en húshâldster Maaike de Zoete.

Yn de iere moarn fan 7 febrewaris 1945 waard Roorda troch de Dútsers thús oppakt. De Joadske ûnderdûkers (en syn twa ûnderdûkte soannen) waarden net fûn. Roorda waard fêstholden yn it Scholtenhûs en letter yn it Hûs fan Bewar yn Grins. Healwei maart 1945 waard er op it lêste transport fan Grins nei it konsintraasjekamp Neuengamme, ûnder Hamburch, set. Healwei april kaam er nei in reis fan tsien dagen mei de trein yn it kamp Sandbostel oan. Dêr stoar er op 25 april 1945. It kamp waard op 29 april 1945 troch de Alliearden befrijd.

De Frânske seksje grêvetsjinst fûn yn 1955 de stoflike oerbliuwsels fan Binne Roorda yn in massagrêf. Hy waard yn 1958 op 'en nij beïerdige op it earefjild yn Loenen.[1]

Roorda ûntfong op 8 septimber 1996 de earetitel Rjochtfeardige ûnder de Folken fan de steat Israel.[2] Yn it tinkboek fan it lanlik ferset Het Grote Gebod wurdt Roorda lid fan de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers en fan de Grinzer Fersetsgroep Groep-De Groot neamd.[3] Syn namme stiet yn de Earelist fan Fallenen 1940-1945. Roorda ûntfong postúm it Fersetsbetinkingskrús.

Op 16 maaie 2019 waard ta neitins oan syn moed om syn libben te weagjen om meiminsken te rêden in Stolperstein ûntbleate foar it hûs Casimirlaan 4a yn Grins. Syn biografe en pakesizzer Ytje Stevens-Roorda spruts by dy gelegenheid ek de hoop út "dat it stientsje ús en oaren neitinke lit oer ús karren yn bepaalde omstannichheden. Litst dy liede troch eangst of leafde?" [4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Ettie Huizing, 'Hulp aan onderduikers' h6 yn: 'Verzet in Groningen' (1989), s.80-82


  1. Graf Binne Roorda
  2. (in) Yad Vashem
  3. [1]
  4. Filmke fan it ûntbleatsjen fan de stroffelstien.