Earelist fan Fallenen 1940-1945
De Earelist fan Fallenen 1940-1945 is in dokumint mei de nammen fan yn de Twadde Wrâldkriich sneuvele Nederlânske militêren en fersetsstriders.
Skiednis
bewurkje seksjeDe list is opmakke troch it Ryksynstitút foar Oarlochsdokumintaasje. Op 4 maaie 1960 bea Keninginne Juliana de Eerelist oan de Steaten-Generaal oan. Sûnt hat de earelist in plak yn de hal fan de yngong fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal. Meidat it ynisjatyf foar it opnimmen yn de list (útsein de militêren) by de neibesteanden lei, is de list ûnfolslein, om't net eltsenien werom fûn is.
Ynhâld
bewurkje seksjeDe list hat likernôch 18.000 nammen ferparte oer fiif groepen:
- Militêren fan de Keninklike Lânmacht
- Offisieren en manschappen fan de Keninklike Marine
- Bemanningsleden fan Nederlânske keapfardijskippen
- Militêren fan it Keninklik Nederlânsk-Ynjysk Leger en leden fan it Yndysk ferset
- Fersetslju yn Nederlân.