Kamp Sandbostel
Kamp Sandbostel (Stalag XB Sandbostel) wie in kriichsfinzene- en konsintraasjekamp yn de Twadde Wrâldoarloch yn Sandbostel yn Nedersaksen, Dútslân.
Tusken 1939 en 1945 waarden mear as in miljoen kriichsfinzenen fêstholden yn Sandbostel. Dêrfan stoaren likernôch 50.000, fral troch honger, moard troch beweitsers fan de SS of oan in besmetlike sykte. It kamp waard yn 1945 befrijd troch Britske troepen. De measte finzenen wiene Russen. Sy waarden minner behannele as oaren meidat se yn it Tredde Ryk fan Adolf Hitler as Untermenschen beskôge waarden.
De Surinaamske fersetsstrider en fakbûnslieder Anton de Kom ferlear it libben yn dit kamp yn 1945.
Tiidline skiednis
bewurkje seksje- 1939 Britske boargers en Poalen wurde opsluten yn grutte tinten.
- 1940 It oankommen fan Belgyske en Frânske finzenen.
- 1941 It oankommen fan kriichsfinzenen út Servië en de Sowjet-Uny.
- 1943 It oankommen fan Italjaanske ynternearre militêren.
- 1944 It oankommen fan Poalske froulju út it Getto fan Warsjau.
- 1945 Begjin fan de 'deademarsen', finzenen út kamp Neuengamme en oare kampen komme oan yn Sandbostel.
- 29 april 1945: Britske troepen befrije it kamp.
- Juny 1945: Britske soldaten brûke it kamp as finzenis foar SS- en nazypommeranten.
- 1952: It kamp wurdt in opfangkamp foar manlike flechtelingen út de DDR.
- 1960: It kamp giet fan Britten oer nei de Dútske oerheid.
- 1974: It kamp wurdt in kommersjele bûtenpleats, Immenhain.
- 1992: It kamp wurdt in beskerme monumint.
- 2004: Oprjochting „Stiftung Lager Sandbostel“
- 2005: De stichting krijt 2,7 fan it eardere kampterrein.
- 2007: "Gedenkstätte Lager Sandbostel" wurdt stal jûn.
- 29 april 2013: Iepening fan de fêste útstalling "Das Stalag X B Sandbostel – Geschichte und Nachgeschichte eines Kriegsgefangenenlagers".
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |