Brassband UDI Easternijtsjerk

De Brassband UDI Easternijtsjerk is in muzykferiening út Easternijtsjerk. De grifformearde feriening is oprjochte op 11 febrewaris yn 1911 as fanfare Uitspanning door Inspanning. By de oprjochting bestie doe al in herfoarme korps Ús Nocht, oprjochte yn 1909 (12 leden). By dy feriening spilen trije grifformearden, dy't fûnen dat se net serieus nomd waarden omdat se net yn it bestjoer mochten en rjochten doe UDI op. Us Nocht waard yn 1914 opheft. Nei de offisjele oprjochting fan UDI waard yn it doarp 300 gûne oprûn foar ynstruminten.

UDI Easternijtsjerk
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk, Nederlânsk

Yn 2001 is UDI omskeakele nei brassband. Op konkoersen en kampioenskippen komt UDI út yn de fjirde difyzje, ek op de Nederlânske Brassband Kampioenskippen (NBK). Yn 2005 waard op dat kampioenskip in 4e plak helle en yn 2006 in fertsjinstlike twadde plak.

Yn 2010 wie de dirigint fan UDI Daan Hoekstra. Op 12 febrewaris 2011 fierde U.D.I. har 100-jierrich bestean mei in jubileumdei, besteande út de ferskining fan in betinkingsboek ("Hark ris wat kinne dy mannen spylje"!" makke troch Reinder Tolsma ), in reüny en in konsert. Dat konsert wie yn gearwurking mei de Fryske sjonger Gurbe Douwstra en it jeugdorkest fan UDI en Euphonia Ternaard. De afterparty waard fersoarge troch orkest Butterfly.

De lettere diriginten fan U.D.I. wiene Gijs Heusinkveld, Johan Postma en yn 2020 waard Marco Middelberg dirgint.[1].

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Facebookbericht voorstellen nieuwe dirigent, 16 septimber 2020, sjoen 14 juny 2022