Wynmotor Easternijtsjerk
De Wynmotor Easternijtsjerk is in poldermûne by it doarp Easternijtsjerk, yn de Dongeradiel. De mûne is in lytse Amerikaanske wynmotor mei in wynrêd mei 12 blêden en in flecht fan ± 3,5 m, wêrfan't net bekend is yn hokker jier er boud waard. Hy stiet fuort oan de súdeastlike râne fan it doarp oan de wei oer Ropta nei Mitselwier. It is de noardlikste wynmotor fan Fryslân.