Stattum
Stattum wie in doarp op it waadeilân Skylge. Stattum hat benoarden de buorskip Healwei lein. Yn 1566 stienen op Stattum njoggen huzen. Yn de 18e iuw wienen dat noch sân. Yn dy perioade is de buorskip lykwols ûnderstood mei dúnsân, troch oerbeweiding. Stattum leit noch altyd bedobbe ûnder in dún fan mear as 20 meter heech.
De perselen oan de noardside fan de haadwei troch Halfweg drage noch de namme Stattumer-tunen. Se binne no ynrjochte as rekreaasjeterrein.