Stoartum
Stoartum wie in buorskip op Skylge. De buorskip lei súdlik fan Kaard en westlik fan Kinum.
Stoartum hat bewenne west oant it begjin fan de 20e iuw, doe stienen der noch twa huzen. Yn 1557 ha der fjouwer huzen stien en rûn 1640 trije. Stoartum hat in protte lêst hân fan de Stoarmfloed fan 1825. Troch dy stoarmfloed binne inkele huzen skansearre en guon hielendal ferdwûn.
Fan it doarpke is no allinnich noch in lyts terpke oer as lêste blyk fan minsklike bewenning. De Waaddyk oan de súdkante fan Stoartum hat no noch de namme fan it plakje, de Stoartumerdyk. Ek is der in pleats by Kaart mei de namme Stoartum.