Dylan Thomas
Dylan Marlais Thomas (Swansea, 27 oktober 1914 – New York City, 9 novimber 1953) wie in dichter en skriuwer út Wales. Hy wurdt algemien beskôge as ien fan de wichtichste dichters fan de 20e iuw. Syn bekendste wurk is Under milkwood.
Libben en wurk
bewurkje seksjeDylan Thomas syn heit, D.J. Thomas, is learaar Ingelsk oan de Swansea Grammar School en kiest derfoar syn soan mei it Ingelsk grut te bringen yn stee fan it Welsk, de sprake fan syn mem. Hy bringt him ek de leafde foar de literatuer by. Nei inkelde moannen middelbare skoalle skriuwt Dylan al syn earste fersen foar de skoalkrante. It gedicht 'His Reqiem' blykt letter plagiaat te wêzen.
Fan skoalle ôf (yn 1931) kriget er wurk by The South Wales Daily Post, in lokale krante. Hy is dêr korrektor, ferslachjouwer en freelance meiwurker. Tuskentiids rekket er befreone mei de dichter Vernon Watkins, wêr't er de rest fan syn libben in literaire relaasje mei hâld.
Thomas hâldt en draacht him as in non-konformist: hy drinkt fierstentefolle, hâldt him net oan ôfspraken en klaait him dêr ek neffens. Stik foar stik saken dy't neffens him by it dichterskip heare. Ein 1933 en begjin 1934 skriuwt er sa'n 30 gedichten wêrfan 13 syn earste bondel helje, "18 gedichten". Syn twadde "25 gedichten" komt yn 1936 út, beide binne in súkses. Hy ferfart nei Londen wêr't er syn lossinnich libben fuortset.
11 july 1937 trout Dylan Thomas mei Caitlin MacNamara, in dûnseres ú Ierlân. Se hiere in hûs yn Laugharne yn Wales. It houlik rekket út en troch yn swier waar troch jildsoargen en de dranksucht fan it stel, mar se bliuwe al byinoar. Se krije twa soannen en in dochter, Aeronwy Thomas.
Fan dan ôf leit Thomas him ek ta op proaza. The Map of Love (1939) hat, neist 16 gedichten, ek 7 ferhalen. In jier letter publisearret er de ferhalebondel Portrait of the Artist as a Young Dog (yn it Nederlânsk oerset troch Hugo Claus), it is in autobiografysk wurk.
Yn de oarloch skriuwt er yn opdracht fan it Ministerie van Propaganda, filmskripts dy't foar ferdivedaasje foar soldaten bedoeld wiene, mar troch brek oan jild komme der gjin films. Nei de oarloch kriget Thomas in wyklikse rubryk op de radio, hy lêst en besprekt dêr syn gedochten. Syn betsjoenjende stim bynt massa's minsken oan de radio.
Trochbraak
bewurkje seksjeDe ynternasjonale trochbrek komt der mei de bondel Death and Entrances (1946). Wilens is Dylan ferhuze nei it bekende Boat Hûs yn Laugharne. Omdat syn jildkrapte oanhâldt, giet Dylan yn 1950 nei Amearika om foarlêsgearkomsten te hâlden. Syn folsleine honoararium giet lykwols op oan de drank.
Yn 1952 giet er noch in kear mei Caitlin nei Amerika ta, it wurdt in grut súkses, hy lûkt grôtfolle sealen. Nei dizze toernee werhellet er dy noch in pear kear, mar komt dan hast net mear oan it skriuwen ta. Ek yn 1952 ferskynt de bondel Collected Poems, mei it ferneamde Do not go gentle into that good night, in gedicht oer de dea fan syn heit, en makket er syn harkspul Under Milk Wood ôf (ek oerset troch Hugo Claus).
Yn april 1953 ferfart er opnij nei de Feriene Steaten foar de Amerikaanske premiêre fan Under Milk Wood. Opnij is er tige súksesfol. Hy moetet de komponist Igor Stravinsky, dy't him freget om it libretto foar in opera te skriuwen, mar der komt Dylan net oan ta. Hy rekket út de liken fan de toernee, mar docht it dochs wer yn oktober fan dat jier, hy wennet dan yn it Chelsea Hotel yn New York. Op 5 novimber 1953 giet er te stappen en komt mear dea as libben yn it hotel werom. Nei alle gedachten is de kombinaasje fan alkohol ("I've had 18 straight whiskies. I think that's the record", hie er dy jûns noch sein) en syn sûkersykte him fataal wurden. Boppedat kinne der fraachtekens set wurde by de behanneling dy't er fan dokter Felsenstein krijt. Hy wurdt noch nei it sikehûs brocht en blykt ek in longûntstekking te hawwen. It docht gjin fertuten. Dylan Thomas rekket yn in koma en stjert op 9 novimber. Hy wurdt beïerdige yn Laugharne.
Priuwke poëzij
bewurkje seksjeUt In my Craft or Sullen Art
Not for the proud man apart
From the raging moon I write
On these spindrift pages
Nor for the towering dead
With their nightingales and psalms
But for the lovers, their arms
Round the griefs of the ages,
Who pay no praise or wages
Nor heed my craft or art.
Wurk (ûnfolslein)
bewurkje seksjeGedichten
bewurkje seksje- Eighteen Poems (1934)
- Twenty-five Poems (1936)
- The Map of Love (1939)
- The World I Breathe (1939 - FS)
- New Poems (1943 - FS)
- Deaths and Entrances (1946)
- In Country Sleep (1952)
- Collected Poems 1934-1952 (1952)
- Collected Poems 1934-1953 (1953)
Koarte ferhalen
bewurkje seksje- Portrait of the Artist as a Young Dog (1940)
- A Prospect of the Sea (1955)
- Adventures in the Skin Trade (1955)
Harkspul
bewurkje seksje- Quite one Early Morning (1944)
- Holiday Memory (1946)
- Return Journey (1947)
- A Child's Christmas in Wales (1950)
- A Story (1953 - geschreven voor BBC televisie)
- Under Milk Wood (1953)
Oar wurk
bewurkje seksje- The Doctor and The Devils (1953 - filmscript)