Rykslânbouwinterskoalle (Snits)

Snits wie in oplieding foar agrarysk ûnderwiis

De Rykslânbouswinterskoalle (RLWS) yn Snits wie in oplieding foar agrarysk ûnderwiis dy ’t bestie fan 1942 oant 1958.

Al yn 1897 wie yn Ljouwert de earste Lânbouwinterskoalle fan Fryslân oprjochte. [1] Boeresoannen krigen dêr yn de wintermoannen les yn alles wat te krijen hie mei lânbou. Yn Snits wie al foar de Twadde Wrâldoarloch besocht om in eigen Lânbouwinterskoalle te stiftsjen. Yn 1939, by de iepening fa de Kristlike Legere Lânbouskoalle yn Snits, waard fannijs doele op de needsaak fan in Lânbouwinterskoalle yn Snits en omkriten. It soe noch oant 1942 duorje eardat op inisjatyf fan it destiidske departemint fan Lânbou besletten waard om yn Snits in Rykslânbouwinterskoalle te stiftsjen.

Wylst de lessen al op 1 desimber 1942 begûn wiene, waard de skoalle pas op 11 desimber fan dat jier offisjeel iepene. By de iepening waard in taspraak holden troch G.J. Ruiter, direkteur-generaal fan de Lânbou. Ruiter wie bliid dat der mei yr. Heine van der Molen in Frysksinnige direkteur beneamd wie. Mei it foarlêzen fan in fers fan R.P. Sijbesma waard de skoalle iepene. Ien fan de earste dosinten wie Douwe Tamminga as learaar Nederlânsk en Frysk. [2] De ryksskoalle hie by de iepening santjin learlingen. De skoalle waard ynearsten ûnderbrocht yn it gebou fan de Kristlike Kweekskoalle oan de Parallelwei. Dat koe trochdat de kweekskoalle yn de oarlochsjierren ticht wie. De lânbouwinterskoalle stie iepen foar alle libbensoertsjûgings. Foar talitting waard it diploma fan in legere lânbouskoalle easke of in tal jierren Muloûnderwiis. Yn útsûnderingsgefallen koe in bejeftige learling dy’t net de gelegenheid hân hie om dat ûnderwiis te folgjen, nei blykte geskiktheid oannomd wurde. It learprogramma wie lykas oare lânbouwinterskoallen, mei as útsûndering dat yn Snits ek ûnderwiis yn de Fryske taal jûn waard.
Nei de oarloch waard de skoalle fêstige yn it gebou fan it Ald Burger Weeshûs yn de Kruizebroederstrjitte dat troch it skipfeartmuseum brûkt waard. Sûnt 1958 waard de skoalle omfoarme ta in Ryks Middelbere Lânbouskoalle.

Omdat it skoalgebou net oan de easken fan de tiid foldie, besleat de gemeenterie fan Snits yn 1955 om in nije skoalle te bouwen. Yn de nije skoalle moast ek romte komme foar de Rykslânboufoarljochtingstsjinst foar de Súdwesthoeke. Oant de nijbou yn 1959 sieten de lânboukonsulinten yn filla De Harste, krekt bûten Snits oan de Boalserterwei. [3] Yn de simmer fan 1959 begûn de Ryks Middelbere Lânbouskoalle yn in nij gebou oan de Lemmerwei 53. It nije skoalkompleks waard yn de folksmûle ‘Lyts Wageningen’ neamd. Yn it nije gebou kamen keunstwurken fan Jan Murk de Vries, Justus Halbertsma en Chris Fokma [4]

Mei yngong fan 1 septimber 1962 waard de oplieding as Ryksskoalle opheft en oerdroegen oan de ‘Feriening ta it jaan fan Kristlik Middelber Lânbou Underwiis yn Súdwest Fryslân’. Dat wie foar it Ryk finansjeel goedkeaper. De nije middelbere lânbouskoalle krige as namme De Súdfinne. Doe’t De Súdfinne yn 2004 opgie yn it AOC yn Ljouwert kaam de gemeentlike Sosjale Tsjinst yn it skoalgebou.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. J.M.G. van der Poel - Het Landbouwonderwijs in Nederland tot 1918
  2. In memoriam Douwe Annes Tamminga (1909-2002) De hoge muren van liefdes citadel yn: Nieuw Letterkundig Magazijn. Jiergong 20 (2002)
  3. Middelbare landbouwschool Sneek is practisch klaar. Rijkslandbouwconsulent kan zijn kantoor binnenkort betrekken; yn: Ljouwerter Krante, 27 maart 1959
  4. Middelbare landbouwschool in Sneek officieel geopend, yn: Ljouwerter Krante, 23 septimber 1959