Greenwich Mean Time

GMT is de ôfkoarting fan Greenwich Mean Time, wat stiet foar de trochsnee tiid fan Greenwich. Somtiden wurdt it ek brûkt as Greenwich Meridian Time, mar dat is net korrekt.

It Royal Greenwich Observatory mei de nulmeridiaan

GMT is ien fan de tiidstanderts. At yn Greenwich de middelbere sinne op it hichtste punt yn it suden oan de himel stiet, hjit it tolve oere. De oantsjutting fan dy tiid is 12.00 GMT.

Tiidstandert

bewurkje seksje

By de ynternasjonale kommunikaasje, lykas tillefoan, tillegrafy en radioferkear en letter ek by it ynternet, wie it nedich om oer de hiele wrâld ien tiidstandert te hawwen. Dêrtroch koe wrâldwiid ien tiid ôfprate wurde. De Stjerrewacht fan Greenwich is yn 1884 fêstlein as it plak fan nulmeridiaan, dat de tiid oer Greenwich is dêrmei de tiid yn it midden fan de tiidsônes. GMT waard dêrom brûkt as dy tiidstandert.

Op 1 jannewaris 1972 waard de GMT as ynternasjonale tiidstandert ferfongen troch UTC, Koördinearre Wrâldtiid.

GMT is de tiid fan de tiidsône op de nulmeridiaan. It is dêrmei de sinnetiid fan Greenwich, en de tiid fan de tiidsone fan Londen. At it nedich is om de oerwurktiid oan de sinnetiid oan te pasjen, dan wurdt UTC oanpast mei in skrikkelsekonde. Dat liket dan as in ferskil tusken de âlde tiidstandert en de nije, mar de essinsje is de oanpassing oan de sinnetiid.