Skrikkelsekonde
In skrikkelsekonde is in sekonde dy't tafoege wurdt ta korreksje fan it ferbân tusken de sinnedei en de oerwurkdei.
Besteansgrûn
bewurkje seksjeOm't de sekonde hjoeddeisk in definysje hat dy't gjin ferbân hâldt mei de dei, is it no mooglik dat in dei net krekt 24*60*60 sekonden lang is. De gemiddelde rotaasje fan de ierde nimt marzjinaal ôf, dat de middeldei yn de rin fan jierren is yndie krekt wat langer. Hjirom moat út en troch in sekonde tafoege wurde om foar te kommen dat de oerwurkdei foar midsnacht einiget.
Foarkommen
bewurkje seksjeSûnt de ynfiering fan dit systeem yn 1972 binne der totaal 27 skrikkelsekonden tafoege, wat likernôch del komt op alle 18 moanne in skrikkelsekonde.
- 30 juny 1972
- 31 desimber 1972
- 31 desimber 1973
- 31 desimber 1974
- 31 desimber 1975
- 31 desimber 1976
- 31 desimber 1977
- 31 desimber 1978
- 31 desimber 1979
- 30 juny 1981
- 30 juny 1982
- 30 juny 1983
- 30 juny 1985
- 31 desimber 1987
- 31 desimber 1989
- 31 desimber 1990
- 30 juny 1992
- 30 juny 1993
- 30 juny 1994
- 31 desimber 1995
- 30 juny 1997
- 31 desimber 1998
- 31 desimber 2005
- 31 desimber 2008
- 30 juny 2012
- 30 juny 2015
- 31 desimber 2016
Stuit fan ynfoegjen
bewurkje seksjeDe sekonde wurdt ynfoege oan de ein fan in moanne, en leafst wurde hjirby de oergongen brûkt fan desimber nei jannewaris en fan juny nei july. Nei UTC 23:59:59 komt dan de skrikkelsekonde UTC 23:59:60, en pas dan begjint de nije dei, op UTC 0:00:00. De oanpassing wurdt tagelyk dien foar alle tiidzônes, dat yn tiidzônes op it eastlik healrûn wurdt de sekonde tafoege yn de rin fan de nije dei, wylst op it westlik healrûn de âlde dei langer wurdt.
Negative skrikkelsekonden
bewurkje seksjeYn it systeem wurdt ek rekken hâlden mei negative skrikkelsekonden. As dêr ferlet fan is wurdt UTC 23:59:59 oerslein. Om't oannaam wurdt dat de rotaasje fan de ierde marzjinaal ôfnimt, wurdt net ferwachte dat dit ea barre sil. Lykwols is, tsjin de ferwachting foar langere tiid yn, sûnt it ynfoegjen fan de earste skrikkelsekonde 1972 de rotaasjefeart tanaam, dat mooglik is it al. Sa hat it ynterfal tusken de lêste twa skrikkelsekonden, 31 desimber 1998 en 31 desimber 2005, folle langer west as ea earder.
Gregoriaanske kalinder
bewurkje seksjeIt wurdt wolris tocht dat skrikkelsekonden de lytse ôfwiking fan de Gregoriaanske kalinder oanpasse moatte, mar dat is net sa. Dat ôfwiken hâldt ferbân mei de rotaasje fan de ierde om de sinne, dat as it ea sa fier komt dan moat dat oanpast wurde mei in skrikkeljier.