Bissau is de haadstêd fan it West-Afrikaanske lân Guinee-Bissau. Der wenje ûngefear 355.000 minsken (2004) en is de grutste stêd fan it lân. Bissau leit yn it deltagebiet fan de rivier Geba en hat in haven.

Bissau
haadstrjitte nei it fleanfjild
haadstrjitte nei it fleanfjild
Bestjoer
Lân Guinee-Bissau
Sifers
Ynwennertal 355.000 (2004)
Oerflak 77 km²
Befolkingsticht. 5,291.2/km²
Oar
Stifting 1687
Koördinaten
Klimaatdiagram Bissau
De grutte Katedraal fan Bissau

Yn 1687 waard Bissau stifte troch de Portegezen dy't dêr in hannelspost iepenen. Fan 1753 ôf wie der in fêsting dy't troch fan de Kaapverdyske eilannen ôfkomstige wurklju. Yn 1942 waard it haadstêd fan Portugeesk Guinee.

In protte gebouwen fan de stêd binne ferneatige yn de boargeroarloch fan Guinea-Bissau (1998 - 1999), it Presidintsjeel Paleis en it Frânsk Kulturele Sintrum (no werboud) ynbegrepen.

Nijsgjirrichheden

bewurkje seksje

De stêd is bekend troch it jierliks karnaval. Wichtige attraksjes binne it troch de Portegezen boude fort Fortaleza de São José da Amura barracks út de 17e iuw mei it mausoleum fan Amílcar Cabral.