Antoine de Kom
Antoine Adrianus Raymondus de Kom (De Haach, 13 augustus 1956) is in Nederlânsk psychiater, skriuwer en benammen dichter fan Surinaamsk komôf.
Antoine de Kom | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Raymond Sarucco | |
echte namme | Antoine Adrianus Raymondus de Kom | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 13 augustus 1956 | |
berteplak | De Haach | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Poëzy, proaza | |
bekendste wurk(en) |
Tropen (1991), Zebrahoeven (2001) | |
prizen | VSB Poëzypriis (2014) | |
jierren aktyf | 1989-no | |
offisjele webside | ||
DBNL-profyl |
Libben en wurk
bewurkje seksjeDe Kom syn pake wie de bekende Surinaamske nasjonalist en fersetsman Anton de Kom. Antoine de Kom wenne fan 1966 oant 1971 yn Paramaribo. Hy studearre genêskunde oan de Universiteit fan Amsterdam en wurke as forinsysk psychiater oan it Pieter Baan Sintrum. Hy debutearre yn 1989 yn it tydskrift De Gids ûnder it pseudonym Raymond Sarucco. Dêrnei publisearre er gereldwei yn De Revisor en yn Hollands Maandblad. Syn earste bondel ferskynde yn 1991.
Antoine de Kom hat yndruk makke mei firtuoas toansette en histoarysk djipgeande gedichten yn Tropen (1991), De kilte in Brasilia (1995), Zebrahoeven (2001) en Chocoladetranen (2004). Alderlei foarmen fan kontrastwurking bepale de styl fan De Koms poëzy: de antytese, de paradoks, parallelle konstruksjes dy't ynhâldlik of formeel elkoars tsjinstelde foarmen, ferskowingen dy't oare betsjuttings opsmite, de wurden dy't op mear as ien wize útlein wurde kinne, de dûbelsinnichheid.
Yn 2013 spriek Antoin de Kom de tredde Cola Debrot-lêzing fan de Wurkgroep Karaïbyske Letteren út.
Op 29 jannewaris 2014 ûntfong er de VSB Poëzypriis foar syn bondel Ritmisch zonder string.
Wurken
bewurkje seksje- 1991 - Tropen
- 1995 - De kilte in Brasilia
- 2001 - Zebrahoeven
- 2004 - Chocoladetranen
- 2008 - De lieve geur van zijn of haar
- 2012 - Het Misdadige Brein : over het kwaad in onszelf
- 2013 - Ritmisch zonder string (trije gedichten dêrút waarden opnaam yn De 100 beste gedichten gekozen door Ahmed Aboutaleb voor de VSB Poëzieprijs 2014 (2014)
- 2021 - Demararamen
Oer Antoine de Kom
bewurkje seksje- Michiel van Kempen, 'Antoine A.R. de Kom.' Yn: Kritisch Lexicon van de moderne Nederlandstalige literatuur, ôfl. 88, febrewaris 2003. 10 ss.
- Michiel van Kempen, Een geschiedenis van de Surinaamse literatuur. Breda: De Geus, 2003, diel II, siden 1139-1143.