Johan Ferrier
Johan Henri Eliza Ferrier (Paramaribo, 12 maaie 1910 – Oegstgeest, 4 jannewaris 2010) wie de earste presidint van de Republyk Suriname.
Biografy
bewurkje seksjeJohan Ferrier gie yn Paramaribo de ULO, de MULO en de Kweekskoalle. Fan 1927 ôf wie er ûnderwizer, yn it earstoan yn it binnenlân fan Suriname en letter yn Paramaribo. Yn 1946 wie er by de oprjochters fan de Nationale Partij Suriname en hy wie lid fan de Steaten fan Suriname fan 2 april 1946 oant 3 maart 1948.
Hy studearre sosjale pedagogyk yn Nederlân oan de Universiteit fan Amsterdam. Hy promovearre yn novimber 1950 ta doktor yn de letteren en de wiisbegearte op it proefskrift De Surinaamse samenleving als sociaal-pedagogische opgave, in bewurking fan syn doktoraalskripsje. In moanne letter gie er mei syn húshâlding werom nei Suriname, dêr't er learaar en direkteur by de kweekskoalle waard; teffens waard er doe direkteur ûnderwiis fan Suriname.
Fan 1955 oant 1958 wie hy de premier fan Suriname, en minister fan Binnenlânske Saken.
Fan 1959 oant 1965 wie Ferrier adviseur by it Nederlânske ministearje fan Underwiis, Keunsten en Wittenskippen. Yn dy funksje spile er in rol fan belang by de festiging fan ESTEC yn Nederlân. Fan 1966 oant 1968 wie hy direkteur-behearder fan de N.V. Billitonmaatskippij yn Suriname.
Gûverneur en presidint
bewurkje seksjeOp 15 maart 1968 waard Ferrier gûverneur fan Suriname. Doe't yn 1969 stakingen it lân lam leinen en Nederlân drige mei yngripen, twong hy premier Pengel om syn amt oer te jaan. Dêrnei ynstallearre Ferrier in interim-kabinet ûnder lieding fan Arthur May. Nei de ferkiezingen yn dat jier waard Jules Sedney minister-presidint fan Suriname. Ferrier bleau gûverneur oant it útroppen fan de ûnôfhinklikens yn 1975, en waard dÊrnei de earste presidint fan de republyk Suriname.
Op 13 augustus 1980, in heal jier nei de coup troch 16 sergeants oanfierd troch Desi Bouterse, trede Ferrier ôf. Fanwege Bouterse en mei-couppleger Roy Horb joech er rie oer de machtsoerdracht, neidat it parlemint al ûntbûn wie. Ferrier advisearre harren it Surinaamske Hof fan Justysje te freechjen om premier Henk Chin A Sen as de nije presidint te beëdigjen. Dat advys waard opfolge. De deis foardat er fuortgean soe spriek Ferrier de soldaten ta. Hy lei harren op it hert om neat te dwaan dêr't sy har letter as Surinamer foar skamje moatte soene.
Werom nei Nederlân
bewurkje seksjeDe húshâlding Ferrier ferhuze nei Nederlân - dêr't de dochters Cynthia, Joan en Kathleen studearren - en sette har nei wenjen yn Oegstgeest. Yn 1988 gien it pear Ferrier werom nei Suriname, mar fanwege privee-omstannichheden ferfarren sy letter wer nei Nederlân. Dr. Ferrier wenne sûndtiids yn in Oegstgeest. Syn frou Edmé Ferrier-Vas stoar yn 1997.
Yn 2002 ferskynde Het grote Anansiboek, in ferhalebondel oer de spin Anansi op de wize fan Ferrier ferteld.
Ferrier waard yn 1958 Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau, en wie besermhear fan de Surinaamske Stenografenferiening. Hy waard 1999 keazen ta politikus fan de iuw. Op 15 augustus 2004 waard him op it Amsterdamske Kwakoe Festival de Kwakoe Award útrikt.
Ferrier wie widner. Hy hie seis bern út syn earste houlik (oant 1951) mei Eugenie Lionarons: Helen (1931), de ekonoom Derryck Ferrier (1933), Robin (1935), de skriuwster Cynthia McLeod (1936), Stanley (1939) en de skriuwer Leo Ferrier (1940-2006)); twa bern út syn houlik mei Edmé Vas: Joan Ferrier, dy't direkteur is fan E-Quality, en it Twadde Keamerlid Kathleen Ferrier. De lêste is ferneamd nei de Britske sjongster Kathleen Ferrier. Dy Ferriers soene fan fierens famylje wêze, en ôfstamje fan Hugenoaten dy't naei it Karaïbyske gebiet flechte wienen.
Begjin jannewaris 2010 stoar Johan Ferrier yn de âldens fan 99 jier, yn de sliep, yn syn wenplak Oegstgeest.
Literatur
bewurkje seksje- C.F.A. Bruijning en J. Voorhoeve (red.): Encyclopedie van Suriname, Amsterdam en Brussel 1977 (Elsevier), s. 204. ISBN 9010018423
- John Jansen van Galen: Laatste gouverneur, eerste president. De eeuw van Johan Ferrier, Surinamer, Leien 2005 (KITLV Utjouwerij). ISBN 9067182656