Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip
It Nederlânske ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, ôfkoarte ta OCW (Onderwijs, Cultuur en Wetenschap), is it ministearje dat ferantwurdlik is foar ûnderwiis, kultuer, wittenskip en it emansipaasjebelied. Inkelde kearndoelen binne 'goed ûnderwiis en in tarieding op selsstannigens en ferantwurdlikens foar elkenien', 'de mooglikheid foar ûnderwizers om harren wurk te dwaan' en 'de mooglikheid foar elkenien om keunst te belibjen'. Wat de wittenskip oanbelanget seit it ministearje dat ek 'wittenskippers harren wurk dwaan moatte kinne'.
Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip OCW | ||
De Hôftoer dy't heart ta it ministearje OCW. | ||
algemien | ||
lân | Nederlân | |
adres | Rynstrjitte 50 De Haach | |
skiednis | ||
oprjochting | 9 septimber 1918 | |
funksjehâlders | ||
minister | Robbert Dijkgraaf Mariëlle Paul (sûnder portefúlje) | |
steatssekretaris | Fleur Gräper | |
sekretaris-generaal | Barbera Wolfensberger (waarnimmend) | |
offisjele webside | ||
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-onderwijs-cultuur-en-wetenschap |
Politike lieding
bewurkje seksjeYn it kabinet-Rutte III wie Ingrid van Engelshoven (D66) de minister en wie Arie Slob (CU) minister sûnder portefúlje foar Basis-en Fuortset Underwiis en Media.
Yn it kabinet-Rutte IV is Robbert Dijkgraaf (D66) de minister en Mariëlle Paul (VVD) (wie Dennis Wiersma, VVD) minister sûnder portefúlje. Fleur Gräper (D66) (wie Gunay Uslu, D66 en Steven van Weyenberg, D66) is steatssikretaris.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeNederlânske ministearjes | ||
---|---|---|
Algemiene Saken (AZ) ·
Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) ·
Bûtenlânske Saken (BZ) ·
Definsje (Def) ·
Ekonomyske Saken en Klimaat (EZ) ·
Finânsjes (Fin) ·
Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) ·
Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) ·
Justysje en Feiligens (J&V) ·
Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit (LNV) ·
Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) ·
Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW) | ||
· · |