Kathleen Ferrier
- Dizze side giet oer de Britske sjongster. Foar de Surinaamsk-Nederlânske politika, sjoch: Kathleen Ferrier (politika).
Kathleen Mary Ferrier (Higher Walton, Lancashire, Ingelân, 22 april 1912 – Londen, 8 oktober 1953) wie in Ingelske altsjongster waans namme ynternasjonale klank krige as poadium-, konserte- en opname-artyste, mei in repertoire dat fariearre fan folkslieten en populêre ballades oant de klassike wurken fan Bach, Brahms, Mahler en Elgar. Har dea oan kanker, op it hichtepunt fan har rom, wie in skok foar de muzykwrâld en foaral foar it grutte publyk, dat oant nei har dea yn it ûnwisse litten waard oer de aard fan har sykte.
Kathleen Ferrier | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Kathleen Ferrier op besite yn Nederlân (1951) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 22 april 1912 | |
berteplak | Higher Walton, Lancashire | |
stoarn | 8 oktober 1953 (41 jier) | |
stjerplak | Londen | |
wurkpaad | ||
sjenre | Klassyk liet, folksliet, opera |
Libben
bewurkje seksjeAs dochter fan in doarpsûnderwizer út Lancashire toande Ferrier al betiid talint as pianiste en wûn sy gâns amateur pianowedstriden wylst sy as telefoaniste by de Post wurke. Se begûn earst serieus te sjongen yn 1937, doe 't se nei it winnen fan in prestizjeuze sjongwedstriid op it Carlisle Festival, oanbiedingen begûn te krijen foar profesjonele opdrachten as sjongeres. Dêrnei naam se sjonglessen, earst by J.E. Hutchinson en letter by Roy Henderson. Nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch waard Ferrier oanwerve troch de Council for the Encouragement of Music and the Arts (CEMA), en yn de jierren dêrnei song se op konserten en resitals yn it hiele Feriene Keninkryk. Yn 1942 krige har karriêre in ympuls doe't se de dirigint Malcolm Sargent moete, dy't har oanrekommandearre by it konsertmanagementburo mei in protte ynfloed Ibbs and Tillett. Se trede geregeld op yn wichtige Londense en provinsjale sealen, en makke gâns BBC radio-útstjoerings.
Yn 1946 makke Ferrier har debút op it poadium, yn de premjêre fan Benjamin Brittens opera The Rape of Lucretia op it Glynde-Festival. In jier letter trede hja foar it earst op as Orfeo yn Gluck syn Orfeo ed Euridice, in wurk dêr't hja benammentlik mei assosjearre waard. Dat wiene dit har iennige twa operarollen, har eigen kar. Neigeraden har reputaasje groeide, gie Ferrier nauwe wurkrelaasjes oan mei wichtige muzikale figueren, wêrûnder Britten, de diriginten Sir John Barbirolli, Bruno Walter en de begelieder Gerald Moore. Se waard ynternasjonaal bekend troch har trije tournees nei de Feriene Steaten tusken 1948 en 1950 en har besites oan it Europeeske fêstelân.
Ferrier krige yn maart 1951 de diagnoaze boarstkanker. Tusken de perioaden fan sikehûsopname en opbetterjen yn bleau se optreden en platen opnimmen; har lêste publike optreden wie as Orfeo, yn it Royal Opera House yn febrewaris 1953, acht moannen foar har dea. Ien fan har tinktekens wie it Kathleen Ferrier Cancer Research Fund dat yn maaie 1954 oprjochte waard. It Kathleen Ferrier Scholarship Fund beheard troch de Royal Philharmonic Society, hat sûnt 1956 alle jierren prizen útrikt oan jonge begjinnende profesjonele sjongers.
Wurdearring
bewurkje seksjeKathleen Ferrier har stim wie fan natuere goed. Se hie gjin konservatoarium hân en sawol har sjongleararen J. E. Hutchinson as Henderson hawwe tajûn dat har stim al perfekt wie en dat se dat "ynstrumint" alline mar ferfine en begelaad hawwe. Har stim hie in bysûnder timbre, dat (faaks) noch troch nimmen benei kaam is en dat taskreaun wurdt oan har romme kielholte en resonânsjeromte.
Repertoire
bewurkje seksje- Johann Sebastian Bach: Matthäus-Passion, Hohe Messe
- Johannes Brahms: Altrhapsodie (opnaam mei Clemens Krauss)
- Ernest Chausson: Poème de l'Amour et de la Mer
- Gustav Mahler: Das Lied von der Erde (diriginten Bruno Walter en John Barbirolli), Kindertotenlieder, Rückert Lieder
- Christoph Willibald Gluck: Orfeo en Eurydice
- Händel: Messiah
- Folkslietsjes, sa as Blow the Wind Southerly, The Keel Row.
Sy song guon fan dy wurken yn de oarspronklike taal, mar ek yn it Ingelsk. Foarbylden binne Matthäus-Passion, aria's fan Bach en Händel en Glucks Orfeo.
Priuwkes fan har wurk
bewurkje seksjeLiteratuer
bewurkje seksje- Winifred Ferrier: Kathleen Ferrier, 1955. Oerset út it Ingelsk, útj. Het Spectrum, Utert, [s.j.], 185 s.
- Maurice Leonard: Kathleen Ferrier. Het fascinerende leven van een fameuze zangeres, 1988. Oerset út ingelsk, útj. Muntinga, Amsterdam, 1989/2003, 296 s. ISBN 90-417-0403-5