Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje
De Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje (Ingelsk: Chippewas of Georgina Island First Nation; Odjibwe: Waaseyaagmiing Anishinaabek) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it suden fan 'e provinsje Ontario. De Tsjippewa's fan Georgina Island binne etnyske Odjibwe. De tafoeging 'earste naasje' is in typysk Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestamme of -troep. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Sutton West.
Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje | ||
Ingelsk | Chippewas of Georgina Island First Nation | |
lânseigen | Waaseyaagmiing Anishinaabek | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Ontario | |
haadkertier | Sutton West (Ontario) | |
etnisiteit | Odjibwe | |
ledetal | 725 (2015) | |
oprjochting | nei 1836 | |
status | erkend | |
erkenning | Kanada | |
reservaat | ||
reservaat | Georgina Island Reservaat 33 Georgina Island Reservaat 33A Chippewa Island Reservaat | |
lokaasje | súdlik Ontario | |
oerflak | 14,6 km² | |
ynwennertal | 275 (2011) | |
offisjele webside | ||
georginaisland.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Ontario.
|
Geografy
bewurkje seksjeDe Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje is sitewearre yn súdlik Ontario, yn it distrikt York, op it eilân Georgina, dat yn it súdlike part fan 'e Simcoemar leit. Dat eilân heart ta de himrik fan it doarp Georgina, mar stiet dêr bestjoerlik fierhinne los fan.
Reservaat
bewurkje seksjeDe Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje hat 14,55 km² oan reservaatlân, ferdield oer trije ûnderskate Yndianereservaten. Fierwei it grutst en it wichtichst is it Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje Reservaat 33, dat in oerflak fan 14,51 km² hat. Dat omfiemet it grutte (en bewenne) eilân Georgina en twa folle lytsere, ûnbewenne eilantjes, Snake en Fox. Alletrije lizze dy yn it súdlike part fan 'e Simcoemar. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Sutton West, dat op it fêstelân besuden de mar leit.
Deunby op it fêstelân leit it Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje Reservaat 33A, dat likernôch 1 ha grûn beslacht en gjin permaninte bewenners hat. It trêde reservaat is it Chippewa Island Reservaat fan rom 3 ha, besteande út in pear ûnbewenne eilantsjes yn 'e Georgiaanske Baai, it eastlike diel fan 'e Hueronmar, dat de Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje dielt mei twa oare Odjibwe-stammen (de Beausoleil Earste Naasje en de Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje), dêr't nauwe histoaryske bannen mei ûnderholden wurde.
Demografy
bewurkje seksjeDe leden fan 'e Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje besteane út etnyske Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep foarmet yn 'e krite fan 'e Grutte Marren fan Kanada en de Feriene Steaten. Neffens gegevens út 2015 hie de Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje doe 725 leden, wêrfan't yn 2011 275 persoanen (37,9%) yn it eigen reservaat wennen, wylst 450 derbûten libben.
Skiednis
bewurkje seksjeOarspronklik foarmen de Tsjippewa's fan Georgina Island ien Odjibwe-troep mei de mienskippen dy't no bekendsteane as de Beausoleil Earste Naasje en de Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje. Fan 1818 oant 1844 waard de troep laat troch it opperhaad Gielholle of Musquakie. Doe't de earste blanke kolonisten har yn 'e krite nei wenjen setten, holpen de pleatslike Odjibwe harren om har oan te passen oan it winterdeis strange klimaat en troch harren medisinen te bringen dy't makke wiene fan yn it wyld libjende planten.
Yn 1830 waard de Yndianetroep lykwols fan oerheidswegen fan syn tradisjonele wenplak ferwidere en yn it Coldwater Narrows Yndianereservaat pleatst. Yn 1836 waard it Coldwater Narrows Reservaat troch de oerheid wer ûnteigene by wat no beskôge wurdt as in yllegale konfiskaasje. De Yndianen waarden fan it reservaatlân ôf set, en moasten yn 't earstoan mar sjen dat se har rêden, wat ta gefolch hie dat de troep yn trije lytsere groepen útinoarfoel. Ut ien fan dy groepen kaam doe de Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje fuort.
Bestjoer en foarsjennings
bewurkje seksjeDe Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje wurdt bestjoert troch in stammeried besteande út it opperhaad en fjouwer oare leden. Allefiif wurde dy by mei geregelde tuskenskoften holden demokratyske ferkiezings ûnder de leden fan 'e stamme keazen. Yn it reservaat beskikt de stamme oer in eigen brânwachtauto en in eigen ambulânse. Oant 1978 wie de Keninklike Kanadeeske Beriden Plysje (RCMP) ferantwurdlik foar de wets- en oarderhanthavening yn it reservaat, mar sûnt hat de stamme in eigen trijekoppige plysjetsjinst, dy't ûnderstipe wurde troch de Ontariaanske Provinsjale Plysje. It reservaat hat fierders in eigen basisskoalle, de Waabgon Gamig-skoalle.
It eilân Georgina is fan it fêstelân ôf inkeld tagonklik per boat. Mei de feartsjinst kin men ek auto's, fytsen en oare fiertugen oersette. Dat is benammen fan belang foar de toeristyske sektor, dy't foar de wurkgelegenheid yn it reservaat in tige wichtich plak ynnimt. Winterdeis, as de Simcoemar tichtfriest, is de tagong ta it eilân en reservaat beheint ta moerasboaten, dy't oer it iis glydzje kinne. De ûnbewenne eilantsjes Snake en Fox hawwe alhiel gjin ferhurde wegen en kin men sadwaande inkeld te foet ferkenne. Behalven kuierjen kin men by de eilannen ek snorkelje en sile of oare wettersporten beoefenje.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |