Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje Reservaat 33A

It Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje Reservaat 33A (Ingelsk: Chippewas of Georgina Island First Nation 33A Reserve) is in Yndianereservaat yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario, deunby it doarp Sutton. It leit oan 'e súdlike iggen fan 'e Simcoe-mar en wurdt omjûn troch it distrikt York.

Tsjippewa's fan Georgina Island
Earste Naasje Reservaat 33A
Chippewas of Georgina Island
First Nation 33A Reserve
polityk
haadplak — (ûnbewenne)
stamme Tsjippewa's fan Georgina Isl.
lân Kanada
provinsje Ontario
distrikt York
sifers
ynwenners 0 (ûnbewenne)
oerflak 0,01 km²
bef.tichth. n.f.t.
oar
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
kaart
Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje Reservaat 33A (Ontario)
Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje Reservaat 33A
De lizzing fan it reservaat yn Ontario.

It Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje Reservaat 33A beslacht in oerflak fan 1,3 ha, mar hat gjin permaninte bewenners. It is yn it besit fan 'e Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje (Ingelsk: Chippewas of Georgina Island First Nation), in Yndiaanske stamme-organisaasje wêrfan't de leden út etnyske Odjibwe (Ojibwe) besteane, dy't ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd wurde.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

(in) Profyl fan it Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje Reservaat 33A op 'e webside fan Indigenous and Northern Affairs Canada

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.