Plato (lânfoarm)

(Trochferwiisd fan Plato (heechflakte))

In plato (fan it Frânske plateau, fan it Aldfrânske platel, dat "pântsje" of "skûteltsje" betsjut) is in soartemint heechflakte. Spesifiker is it in lânfoarm dy't bestiet út in relatyf flak en heechlein gebiet, oan teminsten ien kant begrinzge troch in steil ôfrinnende râne. It wurdt soms ek wol in tafellân neamd.

De râne fan it Cumberlandplato yn 'e Amerikaanske steat Georgia.

Plato's kinne ûntstean as gefolch fan in stikmannich ûnderskate geologyske prosessen, lykas opboarreljen fan fulkanyske magma, ekstrúzje fan lava en eroazje troch wyn of gletsjers. Op basis fan it omlizzende lân kinne plato's yn trije kategoryen yndield wurde: yntermontaan (tusken bergen yn), foarlânsk (yn in heuveleftich gebiet dat oprint nei in berchtme) en kontinintaal (hielendal frijlizzend fan berchtmen).

Foarbylden fan plato's binne it Cumberlandplato yn it súdeasten, it Coloradoplato yn it súdwesten en it Columbiaplato yn it noardwesten fan 'e Feriene Steaten, it Dekkanplato yn súdlik Yndia, it Tibetaansk Plato benoarden de Himalaya, it Plato fan Giza yn Egypte (dêr't de Piramiden fan Giza op boud binne), de Altiplano yn Súd-Amearika (tusken twa earms fan 'e Andes yn) en it Antarktysk Plato yn it easten fan Antarktika.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.