De Toronto Star is in Kanadeeske krante, fêstige yn Toronto, dy't sân dagen yn 'e wike útkomt en de heechste oplaach hat fan alle deiblêden yn Kanada. Hoewol't de Star, sa't de namme faak ôfkoarte wurdt, op troch-de-wykse dagen en op sneons de Globe and Mail foargean litte moat, hellet er dy konkurrint yn om't er in sneinsútjefte hat, wylst de Globe and Mail op dy dei net útkomt. De Toronto Star waard yn 1892 oprjochte ûnder de namme fan 'e Evening Star en ferskynde letter in skoft as de Toronto Daily Star. Tsjintwurdich wurdt de krante útjûn troch de Star Media Group, in dochterûndernimming fan 'e Torstar Corporation. Binne de Star Media Group is de Toronto Star ûnderbrocht yn Toronto Star Newspapers Ltd.

Toronto Star
algemiene ynformaasje
hist. namme Evening Star
Toronto Daily Star
nasjonaliteit Kanadeesk
taal Ingelsk
sjenre krante
frekwinsje 1x deis
bestean 1892 – no
oprjochter Horatio Clarence Hocken
plak haadred. Toronto (Ontario)
útjouwer Star Media Group
   (Torstar Corporation)
oplaach 302.899 (troch-de-wyks, 2016)
546.819 (sneons, 2010)
337.846 (sneins, 2010)
ISSN 0319-0781
offisjele webside
www.thestar.com

De Toronto Star waard yn 1892 as de Evening Star oprjochte troch stakende sjoernalisten en drukkers fan 'e krant de Toronto News, ûnder lieding fan 'e maatskiplike herfoarmer en lettere boargemaster fan Toronto Horatio Clarence Hocken. Ek in oare lettere boargemaster fan Toronto, Jimmy Simpson, wie al ier by de Star belutsen. De krante waard yn 't earstoan printe op 'e drukparse fan in oare krante, de Toronto World, dy't yn ruil dêrfoar by de oprjochting as in stille fennoat in belang fan 51% yn it nije deiblêd krige. Dy regeling duorre lykwols mar twa moannen, oant der in geroft gie dat William Findlay Maclean, de eigner fan 'e World, fan doel wie om 'e Star te ferkeapjen. Nei't it personiel it jild dêrta byinoar skrabe hie, stimde Maclean deryn ta om syn belang yn 'e krante útkeapje te litten.

 
It haadkantoar fan 'e Toronto Star.

De krante die it de earste jierren min, dat Hocken ferkocht binnen in jier syn oandiel. Dêrnei folgen ferskate eigners inoar mei koarte tuskenskoften op oant William Mackenzie de Star yn 1896 oankocht. Dy stelde Edmund E. Sheppard en Frederic Nicholls as nije haadredakteurs oan, en ferhuze de hiele krante nei itselde gebou dêr't ek de redaksje fan it tydskrift Saturday Night fêstige wie. Trije jier letter, yn 1899, doe't Joseph E. Atkinson, byneamd "Holy Joe", de krante oernaam, krige de Star wer eigen fasiliteiten. Atkinson tsjinne as haadredakteur fan 'e Star oant syn ferstjerren yn 1948. Under syn lieding naam de krante in krityske hâlding oan foar it Dútske nazyregear, mei as gefolch dat de Star ien fan 'e earste Noardamerikaanske kranten wie dy't yn nazy-Dútslân ferbean waarden.

Atkinson, dy't in sosjale aginda hie, droech in protte fan syn tinkbylden fia de Star út, lykas de winsklikheid fan in stelsel fan sosjale sekerheid mei âlderdoms- en wurkleasheidsútkearings, en in foarm fan sûnenssoarch dy't foar alle boargers fan Kanada beskikber wie. Under syn liederskip wie de Star unyk om syn oanhâldend opkommen foar de belangen fan 'e gewoane man. Troch Atkinson syn freonskip mei de Kanadeeske minister-presidint William Lyon Mackenzie King hied er ek wurklik in beskate ynfloed op it regearingsbelied. Oan 'e oare kant lei de Star yn Atkinson syn tiid ek ûnder fjoer fanwegen de faak sensasjonalistyske toan fan in protte fan 'e artikels.

Fan 1910 oant 1973 publisearre de Star in wykeinbylage ûnder de titel fan 'e Star Weekly. Fan 1922 oant 1933 besiet de Star ek in radiostasjon, dat as in ferlingstik fan 'e krante brûkt waard. Dêr kaam in ein oan nei't it Kanadeeske regear beheinings oplei oan radiostjoerders dy't yn partikulier besit wiene.

Koart foar syn dea, yn 1948, droech Atkinson, dy't tsjin dy tiid de mearderheid fan 'e oandielen fan 'e Star yn eigendom hie, syn mearderheidsbelang oer oan in goeddiedichheidsorganisaasje dy't fan him de opdracht krige om 'e krante yn deselde tradysje fuort te setten. In jier letter, yn 1949, naam it parlemint fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario lykwols in wet oan dy't it goeddiedichheidsorganisaasjes ferbea om oandielen fan bedriuwen mei in winsteachmerk yn besit te hawwen. Dêrtroch moast de Star ferkocht wurde. De fiif behearders fan 'e organisaasje omsylden de wet lykwols troch de krante yn harren eigen namme oer te nimmen en dêrnei plechtich te ûnthjitten dat se de krante yn Atkinson syn geast fuortsette soene. Neikommelingen fan 'e oarspronklike fiif eigners, dy't bekendsteane as "de fiif famyljes", hawwe anno 2017 noch altyd de mearderheid fan 'e oandielen fan 'e Star yn besit.

Yn 1971 krige de krante offisjeel de namme fan The Toronto Star. Tagelyk waard de hiele ûndernimming doe ferhuze nei in modern fletgebou oan Yonge Street, dêr't de krante noch altyd fêstige is. Yn septimber 2002 waard it lidwurd The út 'e namme falle litten. Yn maaie 2007 waard de krante folslein fernijd, mei as wichtichste feroarings: smellere siden, in grutter lettertype, minder en koartere artikels, mear pleatslik nijs en minder ynternasjonaal nijs, kollumns en opinystikken. Dêr kaam lykwols sa'n krityk op, dat de Star per 1 jannewaris 2009 alle feroarings weromdraaide.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.