Ellesmere (eilân)
Ellesmere (Ingelsk: Ellesmere Island; Frânsk: Île d'Ellesmere; Inûktitût: ᐅᒥᖕᒪᒃ ᓄᓇ, Umingmak Nuna) is it op twa nei grutste eilân fan Kanada en it op njoggen nei grutste eilân fan 'e wrâld, mei in oerflak fan 196.235 km². It makket diel út fan 'e Keninginne Elizabetheilannen, dy't sels wer ta de gruttere Kanadeeske Arktyske Arsjipel hearre. De noardkaap fan Ellesmere, Kaap Kolumbia, is it noardlikste punt fan Kanada. It eilân waard yn 1852 troch de Britske ûntdekkingsreizger Edward Inglefield ferneamd nei Francis Egerton, 1ste greve fan Ellesmere.
Bestjoerlik falt Ellesmere ûnder it Kanadeeske territoarium Nûnavût. Neffens gegevens út 2006 hie it eilân doe 146 ynwenners, wat in befolkingstichtens opsmyt fan 0,0007 minsken de km². De Inûyt foarmje frijwol de iennichste befolkingsgroep, en it grutste plak is Grise Fiord mei 141 ynwenners. De Inûyt-namme fan it eilân, Umingmak Nuna, betsjut "Lân fan 'e Muskusokse", en dat kin útkomme, want der libje op Ellesmere in stik mear muskusoksen, rindieren, seehûnen en iisbearen as minsken. De iennichste houtplant dy't der groeie wol, is de poalwylch. It eilân hat ek de noardlikste populaasje fan koloanjefoarmjende ynsekten op 'e wrâld, te witten dy fan 'e poalholder (Bombus polaris).
Ellesmere is in mei fjorden ynkepe eilân mei in langwerpige foarm, wêrby't de beide úteinen nei it noarden en suden wize. It is 830 km lang en 645 km breed. It heechste punt is Barbeau Peak, op 2.616 m. Yn it easten wurdt Ellesmere troch de smelle See-ingte fan Smith skaat fan Grienlân, wylst it yn it súdeasten oan 'e Baffinbaai grinzget. Oan 'e noardkant lei de Lincolnsee. Yn it westen wurdt Ellesmere troch de See-ingte fan Eureka en See-ingte fan Nansen skaat fan Axel Heibergeilân, en yn it suden troch de See-ingte fan Jones en de Cardiganstrjitte fan it eilân Devon.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|