Baffinbaai
De Baffinbaai (Ingelsk: Baffin Bay, Frânsk: Baie de Baffin) is in see tusken de Atlantyske Oseaan en de Noardlike Iissee. Hy is fan noard oant súd 1130 kilometer breed. De see is it meastepart fan it jier net befarber troch it grutte tal iisbergen.
De Baffinbaai wurdt begrinze troch it Baffineilân yn it westen, Grienlân yn it easten, en it Ellesmere yn it noarden. De Davis Strjitte foarmet de ferbining mei de Atlantyske Oseaan en mei de Noardlike Iissee binne der betreklik smelle seestrjitten. Dizze binne lykwols it hiele jier beferzen.
De Britske ûntdekker John Davis wie yn 1585 de earste Jeuropeaan dy't de baai befearn hat. De baai is lykwols neamd nei William Baffin, dy't yn 1616 de baai trochkruse. Baffinbaai wie yn 1933 it episintrum fan in ierdskodding fan 7.3 op de Skaal fan Richter
Natoer
bewurkje seksjeDer libje sa'n 120,000 Belugas yn Baffinbaai, dy't lytse fisk en skaaldieren ite. Hja binne gefaarlik om fan it iis ynsletten te reitsjen en hawwe ek te krijen mei oare bedrigings fan it miljeu.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Baffin Bay fan Wikimedia Commons. |