Kanadeeske Arktyske Eilannen

(Trochferwiisd fan Kanadeeske Arktyske Arsjipel)

De Kanadeeske Arktyske Eilannen (Ingelsk: Canadian Arctic Archipelago, Frânsk: Archipel arctique canadien) fan Kanada binne in part fan de Northwest Territories, en Nunavut. De Keninginne Elizabetheilannen is de grutste eilannegroep yn de arsjipel.

Kanadeesk Arktyske Arsjiipel
Satellytbyld fan Baffin Island, it grutste fan Arktyske arsjipel
Satellytbyld montaazje fan Ellesmere. Grienlân leit rjochts.

Ellesmere, Victoria en Baffinlân binne trije fan de grutste eilannen yn de wrâld.

De eilannen hawwe in poalklimaat en útsein de bergige gebieten bestiet de fegetaasje út toendrabegroeiïng. De measte eilannen binne ûnbewenne; de befolkingstichtens is tige leech en men wennet tige ferspraat. De measte Inuit delsettings lizze oan de kusten fan súdlike eilannen.

Namme Lokaasje* Oerflakte Rangoarder nei grutte Befolking
(2001)
Wrâld Kanada
Baffinlân NU 507451 km2 5 1 9,563
Victoria NT, NU 217291 km2 9 2 1,707
Ellesmere NU 196236 km2 10 3 168
Banks NT 70028 km2 24 5 114
Devon NU 55247 km2 27 6 0
Axel Heibergeilân NU 43178 km2 32 7 0
Melville NT, NU 42149 km2 33 8 0
Southampton NU 41214 km2 34 9 721
Prins fan Waleseilân NU 33339 km2 40 10 0
Somerset NU 24786 km2 46 12 0
Bathurst NU 16042 km2 54 13 0
Prins Patrickeilân NT 15848 km2 55 14 0
Kening Williameilân NU 13111 km2 61 15 960
Ellef Ringneseilân NU 11295 km2 69 16 0
Bylot NU 11067 km2 72 17 0

* NT = Northwest Territories, NU = Nunavut