Nûnavût
Nûnavût (Inûktitût: ᓄᓇᕗᑦ, Nunavut; Ingelsk, Frânsk en Inûynnaktûn: Nunavut) is ien fan 'e trije territoaria fan Kanada. It leit yn it uterste noarden fan it lân, en heart ta de regio fan Noardlik Kanada. De haadstêd is Iqaluit, dat foarhinne Frobisher Bay hiet. Mei mar leafst 21,0% fan it nasjonaal grûngebiet is it territoarium wat oerflak oanbelanget it grutste fan alle Kanadeeske gewesten, mar op it mêd fan ynwenners komt it net fierder as krapoan 32.000, wat it lytste oantal fan alle Kanadeeske gewesten is, en delkomt op 0,1% fan 'e totale Kanadeeske befolking. Nûnavût is it jongste Kanadeeske gewest, en ûntstie pas yn 1999, doe't it bestjoerlik losmakke waard fan 'e Noardwestlike Territoaria, as in thúslân foar de eastlik Arktyske Inûyt fan Kanada.
Nûnavût ᓄᓇᕗᑦ (Inûktitût) Nunavut (Ingelsk/Frânsk/Inûynnaktûn) | |
---|---|
flagge | wapen |
Inûktitût: ᓄᓇᕗᑦ ᓴᙱᓂᕗᑦ "Nunavut Sannginivut" ("Us lân, ús krêft") | |
lokaasje yn Kanada | |
algemien | |
ôfkoarting | NU |
lân | Kanada |
status (jier) | territoarium (1999) |
haadstêd | Iqaluit |
grutste stêd | Iqaluit |
offisjele taal | Inûktitût, Inûynnaktûn, Ingelsk, Frânsk |
sifers | |
ynwennertal | 31.906 (2011) |
befolkingstichtens | 0,02 / km² |
oerflak | 2.038.722 km² (ynkl. wetter) 1.877.787 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC -5, -6 & -7 |
webside | www.gov.nu.ca |
Etymology
bewurkje seksjeNunavut betsjut "Us Lân" yn it Inûktitût, de taal fan 'e eastlike Inûyt. Offisjeel wurdt de namme op 'e Inûktitût-wize ferbûgd: Nunavummiut binne lju út Nûnavût, en ien persoan dêrwei is in Nunavummiuq.
Geografy
bewurkje seksjeNûnavût hat in oerflak fan 2.038.722 km² (hast like grut as hiel West-Jeropa), wêrfan't 1.877.787 km² út lân bestiet en 160.935 km² út wetter. It territoarium grinzget yn it westen oan 'e Noardwestlike Territoaria, net inkeld op it Kanadeeske fêstelân, mar ek op ferskate fan eilannen noardlik dêrfan, lykas Victoria en Melville. Yn it suden swettet it oan 'e provinsje Manitoba, en yn it súdeasten hat it in tige koarte lângrins mei de provinsje Nijfûnlân en Labrador op it eilantsje Killiniq. Fierders wurdt Nûnavût begrinzge troch see, mei yn it noardwesten de Beaufortsee, yn it noarden de Lincolnsee en yn it noardeasten de Baffinbaai, dat allegearre dielen fan 'e Noardlike Iissee binne. Yn it easten leit it oan 'e kust fan 'e Labradorsee en yn it súdwesten wurdt it beswette troch de Ungavabaai, de Hudsonstrjitte, de Hudsonbaai en de Jamesbaai, dy't allegearre ta de Atlantyske Oseaan rekkene wurde. Nûnavût hat seegrinzen mei de Kanadeeske provinsjes Ontario en Kebek en mei it Deenske gebietsdiel Grienlân.
Behalven in flink stik fan it Kanadeeske fêstelân, dat hast it hiele toendragebiet fan 'e westlike Barren Grounds beslacht, en ek de skiereilannen Melville en Boothia, omfiemet Nûnavût ek it grutste part fan 'e Kanadeeske Arktyske Eilannen, wêrfan't de grutsten Baffinlân en Ellesmere binne. Baffinlân, yn it súdeasten, is it op fjouwer nei grutste eilân fan 'e wrâld. It omfettet û.m. Iqaluit (foarhinne Frobisher Bay), de territoriale haadstêd, en de Mount Thor (1.675 m), de steilste berch fan 'e wrâld. Ellesmere leit fier nei it noarden; de noardkaap, Kaap Kolumbia, is it noardlikste punt fan Kanada, en it plak Alert, sa'n 834 km ûnder de Noardpoal, is it noardlikste bewenne plak fan Kanada en fan 'e wrâld. It Kanadeeske regear lûkt de grinzen trouwens hielendal troch oant de Noardpoal, al binne dêr gjin ynternasjonale ôfspraken oer makke. Behalven de Arktyske eilannen hearre lykwols ek alle eilannen yn 'e Hudsonbaai ta Nûnavût, wêrûnder de Belchereilannen, foar de kust fan Kebek, en Akimiski, alhiel yn 'e súdlike Jamesbaai, foar de kust fan Ontario. It heechste punt fan it territoarium is de 2.616 m hege Barbeau Peak, op Ellesmere.
Skiednis
bewurkje seksjeIt gebiet dat no Nûnavût foarmet, hat teminsten al 4.000 jier minsklike bewenning ûnderstipe. Fynsten (fan û.m. slypstiennen), dien by archeologyske opgravings yn 2008, wize derop dat it eilân Baffinlân it Helluland fan 'e Wytsingen wie, dêr't de ekspedysje fan Leif Eriksson om it jier 1001 hinne foar it earst yn Noard-Amearika oan lân gie. De earste dokumintêre boarnen oangeande Nûnavût geane werom oant 1576, doe't de Ingelske ûntdekkingsreizger Martin Frobisher in ferslach skreau oer syn ekspedysje, dy't as doel hie om de Noardwestlike Trochfeart te finen. Dat slagge him net, mar hy miende al goud ûntdutsen te hawwen op Baffinlân, yn 'e krite om 'e nei him ferneamde Frobisherbaai hinne (dêr't de Nûnavûtske haadstêd Iqaluit no leit, dy't foarhinne ek fan "Frobisher Bay" hiet). Hoewol't it "goud" weardeleas bliek te wêzen, gie Frobisher de skiednis yn as de Jeropeaan dy't it earste wisse kontakt mei de Inûyt lei. Yn 'e santjinde iuw sochten ek oare ferneamde ûntdekkingsreizgers yn itselde gebiet nei de Noardwestlike Trochfeart, wêrûnder Henry Hudson, William Baffin en Robert Bylot.
Nûnavût hearde fan 1670 ôf fierhinne ta Rupertslân, it gebiet dêr't de Britske Hudsonbaaikompanjy it foar it sizzen hie, wylst yn it westlike part de konkurrearjende Noardwestlike Kompanjy foar master opsloech en de Arktyske Eilannen streekrjocht ûnder de Britske Kroan kamen. Nei't de Noardwestlike Kompanjy yn 1821 troch de Hudsonbaaikompanjy oernommen wie, kaam it westen it Noardwestlike Territoarium te foarmjen, al makke de Hudsonbaaikompanjy dêr de facto ek de tsjinst út. Yn 1869 droech de kompanjy al syn gebieten oer oan 'e Britske Kroan, dy't se trochjoech oan 'e twa jier earder oprjochte Kanadeeske Konfederaasje. De gebieten waarden doe, yn 1870, gearfoege ta de ûnbidich grutte Noardwestlike Territoaria, dy't alhiel fan 'e Amerikaanske grins yn it suden oant de Kanadeeske noardkust en fan Labrador oant Alaska rûnen. Yn 1880 kamen ek de Arktyske Eilannen derby te hearren. Fan 1870 ôf waard it gebiet stadichoan ynkrompen, mei't de provinsjes Ontario en Kebek der grutte parten fan opslokten, wylst oare dielen harsels derfan losmakken om 'e provinsjes Manitoba, Saskatchewan en Alberta en it territoarium Yukon te foarmjen.
Under de Kâlde Oarloch kamen de noardlike Arktyske Eilannen, lykas Ellesmere en Cornwallis, faai te stean, fanwegen harren strategyske geopolitike posysje foar de Sovjet-Uny, oare kant de Noardpoal, oer. Om teminsten in foarm fan permaninte bewenning te kreëarjen, deportearre it Kanadeeske regear doe Inûyt út 'e noardpunt fan Kebek nei Resolute en Grise Fiord, yn it hege noarden. Yn dy ûnbekende krite hiene se te kampen mei minskfijannige libbensomstannichheden en briek der hongersneed ûnder har út, mar se waarden twongen om der te bliuwen. Fjirtich jier neitiid skreau de Keninklike Kommisje oangeande Lânseigen Folken in rapport mei as titel: The High Arctic Relocation: A Report on the 1953-55 Relocation. It Kanadeeske regear moast yn 'e neisleep dêrfan, yn 1993, hege finansjele kompinsaasjebedraggen útkeare oan 'e slachtoffers fan 'e deportaasje en harren neikommelingen, mar it duorre noch oant 2010 ear't der offisjele ûntskuldigings kamen.
Yn 1976 waard der by ûnderhannelings tusken de Kanadeeske federale oerheid en de Inuit Tapiriit Kanatami (doe noch de Inuit Tapirisat of Canada), de fertsjintwurdigjende organisaasje fan alle Inûyt yn Kanada, besletten om in referindum te hâlden ûnder de befolking fan 'e Noardwestlike Territoaria oer de oprjochting fan in apart territoarium foar de eastlike Arktyske Inûyt. Dy folksriedplachting waard holden op 14 april 1982, en dêrby joech de befolking it griene ljocht foar sa'n apart Inûyt-gebiet. Nei't it federale regear der sân moannen letter ûnder betingsten ek mei ynstimd hie, koene de ûnderhannelings oer de lânrjochten fan 'e Inûyt los. Dat proses waard yn septimber 1992 ôfrûne en ratifisearre by in nij referindum ûnder de befolking fan it takomstige Nûnavût. Op 9 july 1993 waarden doe de Wet op de Nûnavûtske Lânrjochte-oerienkomst (Nunavut Land Claims Agreement Act) en de Nûnavûtwet (Nunavut Act) oannommen troch it Kanadeeske parlemint. It oprjochtingsproses waard beëinige op 1 april 1999, doe't it territoarium Nûnavût einlings en te'n lêsten ta wêzen kaam. De haadstêd, dy't yn 1995 troch de befolking fan it territoarium útkeazen wie by alwer in referindum, waard Iqaluit, op Baffinlân, dat him neitiid yn in beskieden befolkingsgroei (fan 5.200 yn 2001 ta 6.600 yn 2011) ferhûgje mocht. De stifting fan Nûnavût wie de earste grutte feroaring fan 'e Kanadeeske steatkundige yndieling sûnt de ynkorporaasje fan Nijfûnlân en Labrador yn 1949.
Bestjoer
bewurkje seksjeNûnavût hat in territoriale assimblee mei 22 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (riding), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje). Oars as de parleminten fan 'e Kanadeeske provinsjes en fan it territoarium Yukon hat dat fan Nûnavût gjin partijen, mar binne alle leden ûnôfhinkliken. It territoarium wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e ûnderskate provinsjes en territoaria oantsjut wurde as premier, wylst de federale minister-presidint de prime minister is. Nûnavût is opdield yn trije lytsere regio's, Kitikmeot, Kivalliq en Qikiqtaaluk/Baffinlân, dy't it bestjoer yn it ûnbidige gebiet tichter by de minsken bringe moatte, mar dy't op gjin inkele manear selsbestjoer hawwe. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn Ottawa wurdt Nûnavût yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 1 fan 105 sitten (1,0%), en yn it Legerhûs troch 1 fan 308 sitten (0,3%).
Ekonomy
bewurkje seksjeDe ekonomy fan Nûnavût stipet fierhinne op 'e tsjinstesektor (fral oerheidstsjinsten, mar ek ûnderwiis en toerisme), de mynbou en tradisjonele selsfoarsjennende libbenswizen (de jacht, fiskerij, walfiskjacht en tradisjonele ambachten). It regear fan Nûnavût hat in jierliks budzjet fan K$700 miljoen, in bedrach dat frijwol hielendal oermakke wurdt troch de federale oerheid. Wat de mynbou oangiet, wurdt der yn Nûnavût fral nei oalje en gas, goud, sulver, izer, koper, lead, sink, diamanten en uranium dold. Tsjintwurdich is de befolking fan Nûnavût fral ôfhinklik fan diseloalje foar ferwaarming en itensiederij, dy't per boat of fleantúch út súdlik Kanada wei oanfierd wurdt (mei't it territoarium frijwol gjin wei- of spoarferbinings mei de rest fan it lân hat). It territoriaal regear besiket de oerstap op grienere foarmen fan enerzjy oan te moedigjen, ek al om't Nûnavût slimmer de gefolgen fan klimaatferoaring ûnderfynt as de measte oare regio's.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Nûnavût doe 31.906 ynwenners, wat 8,3% mear is as yn 2006. De befolkingstichtens wie yn 0,02 minsken de km². It territoarium hat de lytste befolking fan alle Kanadeeske gewesten. Fan alle ynwenners fan it territoarium wennen yn 2011 6.700 oftewol 21% yn 'e haadstêd Iqaluit. It twadde plak neffens ynwennertal, mei krapoan 2.600 minsken, wie Rankin Inlet, folge troch Arviat, mei goed 2.300. Alle oare plakken yn it territoarium hawwe minder as 2.000 ynwenners.
Etnyske groepen
bewurkje seksjeNeffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2006 bestiet de Nûnavûtske befolking foar mear as de helte út Inûyt, dy't nammentlik 83,6% fan 'e ynwenners foarmje. Mei de Yndianen (0,3%) en de Métis (0,4%) derby komme alle lânseigen groepen mei-inoar út op 84,3% fan 'e befolking. De blanken foarmje 15,0% fan 'e befolking, en besteane foar it meastepart út lju fan Ingelsk, Skotsk of Iersk komôf. De Frânsktalige minderheid (de Franko-Nûnavezen) telt sa'n 370 leden (1,1%).
Godstsjinst
bewurkje seksjeOp it mêd fan godstsjinst bestie neffens sifers út 2001 93,1% fan 'e befolking fan Nûnavût út kristenen, wêrfan 69,8% protestanten en 23,3% roomsen. De grutste protestantske denominaasjes wiene de anglikanen (57,9%), pinksterkristenen (4,4%) en de feriene protestantske United Church of Canada (1,3%). Ateïsten en agnosten foarmen 6,0% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene, yn folchoarder fan grutte: de islaam (0,1%); it boedisme (0,1%); en it Westersk heidendom (0,1%). De oanhingers fan 'e lânseigen religyen fan 'e Inûyt en de ûnderskate Yndiaanske folken foarmen mei-inoar 0,1% fan 'e befolking.
Taal
bewurkje seksjeDe offisjele talen fan Nûnavût, dy't as sadanich by wet fêstlein binne, binne it Inûktitût, de taal fan 'e eastlike Arktyske Inûyt fan Kanada, mei dêropta it Inûynnaktûn, in oare Inûyt-taal, en it Ingelsk en it Frânsk. Neffens sifers fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2006 is it Inûktitût yn Nûnavût fierwei de grutste taal, mei krapoan 20.200 sprekkers, oftewol 69,5% fan 'e befolking. It Ingelsk folge op it twadde plak, mei 26,8%, en dan kamen it Frânsk (1,3%) en it Inûynnaktûn (1,0%). Teffens kaam út dy sifers oant it ljocht dat 2.305 minsken yn Nûnavût (7,9% fan 'e befolking) noch it Ingelsk, noch it Frânsk machtich wie.
Klimaat
bewurkje seksjeWylst it suden fan it Nûnavûtske fêstelân in toendraklimaat hat, en de eilannen yn 'e súdlike Hudsonbaai en Jamesbaai in lânklimaat, hearsket der yn it grutste part fan it territoarium in poalklimaat, mei hiele koarte, koele simmers en tige lange, iiskâlde winters. Eureka, in waarstasjon op it eilân Ellesmere, hat de leechste trochsneed jiertemperatuer fan alle waarstasjons yn Kanada. Troch de opwaarming fan 'e Ierde en de resultearjende klimaatferoaring is it lykwols net mear sa kâld yn Nûnavût as foarhinne. Dat is in grutte soarch foar de ynwenners en it territoriaal regear, mei't de weromlûking fan it see-iis yn negative sin de jacht beynfloedet, wylst it ûntteien fan 'e permafrost grûneroazje ta gefolch hat. Neffens it Yntergûvernemintele Panel oangeande Klimaatferoaring fan 'e Feriene Naasjes waarmet Nûnavût twaris sa hurd op as it wrâldgemiddelde.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|