Martin Frobisher
Martin Frobisher (Normanton, om 1535 - Plymouth, 22 novimber 1594) wie in Ingelsk ûntdekkingsreizger dy't tusken 1576 en 1578 trije reizen nei de Arktyske kontreien makke, ûnder oaren om de Noardwestpassaazje, de noardlike seewei fan Jeropa nei Azië, te finen.
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Frobisher wie al fan jongs ôf oan seefarder, aktyf yn de hannel mei Guinee en de Levant, en dêrnei as seerover, dy't it fral op Frânske skippen fersjoen hie. Yn 1569 waaard er foar piraterij oppakt en feroardield, mar nei sa'n jier waard er wer frijlitten. Letter waard er noch riddere foar syn fertsjinsten by it bestriden fan de Spaanske Armada yn 1588.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|