Nûnatûkavût (Inûttût: Nunatuĸavut, útspr.: ['nu:nətu:həvu:t]; Ingelsk: NunatuKavut) is in net erkend, útsteld autonoom gebiet fan 'e Nunatuĸavummiut, de Súdlike Inûyt fan 'e regio Labrador, yn 'e Kanadeeske provinsje Nijfûnlân en Labrador. It moat net betize wurde mei Nûnavût, ien fan 'e trije noardlike territoaria fan Kanada, noch mei Nûnavik, dat it noardlike part fan 'e oangrinzgjende provinsje Kebek beslacht, noch mei Nûnatsiavût, in besteand autonoom gebiet yn Labrador. Nunatuĸavut betsjut "ús oerâlde lân" yn it Inûttût, de pleatslike Inûyt-taal (nuna betsjut dus "lân", en dêrom begjinne de nammen fan sa'n protte Inûyt-gebieten dêrmei, krekt sa't yn it Frysk in protte gebietsnammen einigje op "-lân").

Nûnatûkavût
Nunatuĸavut
flagge wapen
gjin offisjeel biedwurd
lokaasje yn Kanada

De provinsje Nijfûnlân en Labrador, mei
Nûnatsiavût yn read en Nûnatûkavût yn giel.
algemien
ôfkoarting n.f.t.
lân Kanada
status (jier) útstelde autonome regio binnen
Nijfûnlân en Labrador (–)
haadstêd Happy Valley-Goose Bay
grutste stêd Happy Valley-Goose Bay
offisjele taal Ingelsk, Inûttût
sifers
ynwennertal 6.000 (2007)
befolkingstichtens n.f.t.
oerflak n.f.t.
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC -4
webside www.nunatukavut.ca

Oan 'e ein fan 'e 1970-er jierren waard de Labradorske Métis Feriening (Labrador Metis Association, LMA) oprjochte troch de lânseigen bewenners fan 'e súdlike kust fan Labrador, om erkenning te krijen as in ûnderskate etnyske en kulturele groep. Dy lju waarden doedestiden Inûyt-Métis neamd, en waarden inkeld beskôge as de ôfstammelingen fan 'e Inûyt fan noardlik Labrador dy't har fierhinne oanpast hiene oan 'e Westerske maatskippij. Om't der sa'n bytsje oer harren skiednis bekend wie, sels ûnder harrensels, sette de LMA yn 2006 útein mei in projekt wêrby't de oantinkens, kennis en oerlevering fan 'e âlderein fêstlein en kombinearre waard troch de Community-University Research Association (CURA). Ut dat seis jier duorjende ûndersyk die úteinlik bliken dat de "Inûyt-Métis" de neikommelingen wiene fan 'e oarspronklike Inûyt-befolking fan súdlik Labrador, dy't him yn it iere koloniale tiidrek fermongen hie mei Frânske en Baskyske walfiskfarders.

Sadwaande feroare de LMA ein 2012 syn namme yn 'e Mienskipsrie fan Nûnatûkavût (Nunatuĸavut Community Council, NCC). Op grûn fan in ferdrach dat yn 1765 sletten wie tusken fertsjintwurdigers fan 'e Britske Kroan en de Inûyt fan súdlik Labrador waard der doe in lânrjochteclaim by it Kanadeeske regear en it provinsjale regear fan Nijfûnlân en Labrador yntsjinne. Dêr wol it provinsjale regear lykwols pas oer prate as it federale regear beoardiele hat oft de Nunatuĸavummiut yn dizze saak yndie yn har rjocht steane. Sadwaande wurdt der op 't heden inkeld mei it federale regear ûnderhannele.

Lânrjochteclaim

bewurkje seksje

It doel fan 'e NCC is om in autonoom gebiet binnen de provinsje Nijfûnlân en Labrador te krijen, krekt sa't de noardlike Inûyt fan Labrador dat yn 2005 krigen hawwe yn 'e foarm fan Nûnatsiavût. Dêrta meitsje se oanspraak op in gebiet dat it súdlike trêdepart fan Nûnatsiavût beslacht, en dêrwei by de kust lâns rint, alhiel oan Lodge Bay ta, oan 'e Labradorske súdkust. Fierders hâlde se út dat it gebiet yn it binnenlân by de rivier de Churchill lâns ek ta har lân heart, dêr't Happy Valley-Goose Bay (Inûttût: Vâli) leit, ien fan 'e grutste en wichtichste plakken fan Labrador. Streamop dêrfan soene de Muskrat Falls en de wetterkrêftsintrale oan 'e ûnderrin fan 'e Churchill ek ta Nûnatûkavût hearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.