Nûnavik (Inûktitût: ᓄᓇᕕᒃ, Nunavik, útspr.: [nu:'nɑ:vik]; Frânsk en Ingelsk: Nunavik) is in regio dy't it noardlike trêdepart fan 'e Kanadeeske provinsje Kebek beslacht. It is it heitelân fan 'e Inûyt fan Kebek, en de namme Nunavik betsjut "Prachtlân" yn 'e Inûktitût-taal. (De krite moat betize wurde mei Nûnavût, ien fan 'e trije noardlike territoaria fan Kanada, noch mei Nûnatsiavût, in autonome regio binnen de oangrinzgjende provinsje Nijfûnlân en Labrador.) Oant 1912 makke Nûnavik diel út fan 'e Noardwestlike Territoaria. Underhannelings oer selsbestjoer binnen de provinsje Kebek rûnen yn 2011 op 'e non, doe't de befolking by in referindum de oerienkomst om in autonoom regear te foarmjen ôfwies.

Nûnavik
Nunavik
flagge wapen
gjin offisjeel biedwurd
lokaasje yn Kanada

Lokaasje fan Nûnavik yn Kebek.
algemien
ôfkoarting n.f.t.
lân Kanada
status (jier) regio binnen Kebek (1912)
haadstêd Kuujjuaq
grutste stêd Kuujjuaq
offisjele taal Frânsk
sifers
ynwennertal 12.090 (2011)
befolkingstichtens 0,03 / km²
oerflak 443.685 km²
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC -5
webside (gjin offisjele webside)

Nunavik beslacht de 443.685 km² lân yn 'e provinsje Kebek dy't benoarden de 55ste parallel lizze. It gebiet wurdt yn it suden begrinzge troch de rest fan Kebek, en yn it easten troch de regio Labrador, dy't diel útmakket fan 'e provinsje Nijfûnlân en Labrador. Yn it westen leit Nûnavik oan 'e kust fan 'e Hudsonbaai, wylst it yn it noarden swettet oan 'e Hudsonstrjitte en de Ungavabaai. Der binne gjin wegen dy't fanút Nûnavik nei súdlik Kebek rinne, dat alle ferbinings wurde fan needs ûnderholden troch de loft of oersee.

Oant 1912 makke Nûnavik diel út fan it distrikt Ungava, fan 'e Noardwestlike Territoaria. Yn dat jier kaam it lykwols by de provinsje Kebek te hearren (sûnder dat de bewenners yn dy beslissing kend wiene).

Under de Kâlde Oarloch kamen de Kanadeeske Arktyske Eilannen yn it hege noarden, lykas Ellesmere en Cornwallis, faai te stean fanwegen harren strategyske geopolitike posysje foar de Sovjet-Uny, oare kant de Noardpoal, oer. Om teminsten in foarm fan permaninte bewenning te kreëarjen, twong it Kanadeeske regear yn 1953 acht Inûyt-famyljes út Inukjuak yn Nûnavik, by wat feitliks in deportaasje wie, om te ferhúzjen nei Resolute en Grise Fiord, yn it hege noarden. Harren wiene wenten ûnthjitten, en jachtwyld by 't folop, mar doe't se der oankamen, blieken der gjin gebouwen te wêzen, en frijwol gjin wyld dat se ea earder sjoen hiene.

De autoriteiten seine ta dat se nei in jier werom nei Nûnavik mochten, as se yn it noarden net aardzje koene, mar dat ûnthjit waard neitiid brutsen, en nettsjinsteande de minskfijannige libbensomstannichheden en de hongersneed dy't ûnder harren útbriek, waarden se twongen om der te bliuwen, poer sadat de Kanadeeske oerheid sizze kinne soe dat der Kanadeeske boargers op 'e noardlike eilannen wennen. Uteinlik ûntdieken de Inûyt de migraasjerûtes fan 'e wite dolfinen, en koene se yn it noarden oerlibje troch de jacht op dy bisten, wêrby't harren jachtgebiet 18.000 km² besloech.

 
Inûyt-bern yn Kuujjuaq.

Fjirtich jier letter, yn 1993, waarden der harksittings oer de kwestje holden, en de Keninklike Kommisje oangeande Lânseigen Folken skreau in rapport mei as titel: The High Arctic Relocation: A Report on the 1953-55 Relocation. It Kanadeeske regear moast yn 'e neisleep dêrfan hege finansjele kompinsaasjebedraggen útkeare oan 'e slachtoffers fan 'e deportaasje en harren neikommelingen (yn totaal K$10 miljoen), mar in skuldbekentenis kaam der net. Pas yn 2010 waard de saak besletten doe't it Kanadeeske regear 57 jier nei dato einlings en te'n lêsten offisjele ûntskuldigings oanbea. It hiele ferhaal is fêstlein yn skriuwster Melanie McGrath har boek The Long Exile: A Tale of Inuit Betrayal and Survival in the High Arctic ("De Lange Ballingskip: In Ferhaal fan Ferrie en it Oerlibjen fan 'e Inûyt yn it Hege Noarden")[1]

Fanôf likernôch 2000 fûnen der ûnderhannelings plak tusken de provinsjale en federale oerheden en de Makivik Korporaasje, dy't de Inûyt fan Kebek fertsjintwurdiget, oer de stifting fan in autonome regio Nûnavik binnen de provinsje Kebek, mei Kuujjuaq as haadplak. De krite soe dan in eigen parlemint krije en in eigen regear dat ferantwurdlik wurde soe foar sosjale tsjinsten, lykas ûnderwiis en wolwêzen. De lânseigen befolking fan Nûnavik soe fierders ek de rjochten erkend sjen dy't se op 'e natuerlike helpboarnen fan 'e regio hawwe, en it autonoom regear soe de útbetelling fan royaltys temjitte sjen kenne foar de mynbou yn it gebiet. De prinsipe-oerienkomst dy't de trije partijen dêroer berikt hiene, waard lykwols by in referindum yn 2011 troch likernôch 66% fan 'e befolking fan Nûnavik ôfwiisd, en sadwaande is selsbestjoer no foarearst fan 'e baan. Lykwols binne de ûnderhannelings tuike-oan fuortset, mei it each op it oerdragen fan mear foech troch it provinsjale Kebekaanske regear oan 'e al besteande regionale oerheidsstruktueren.

It provinsjale regear fan Kebek hat ek de winsk kenber makke om in sit oan it provinsjaal parlemint ta te foegjen dy't Nûnavik fertsjintwurdigje moatte soe. It gebiet makket op 't heden noch diel út fan it gruttere kiesdistrikt (of riding) fan Ungava, wêryn't de Nunavimmiut minder as de helte fan 'e befolking foarmje. As Nûnavik in apart kiesdistrikt wurde soe, soe it it op ien nei befolkingsearmste kiesdistrikt fan Kebek wêze, nei de Magdalena-eilannen, dy't inkeld as kiesdistrikt bestean kinne ûnder in spesjale útsûndering op 'e wet dy't in minimumynwennertal foar sokke distrikten foarskriuwt.

Mei de Jamesbaaikrite (of Jamésie yn it Frânsk) foarmet Nûnavik de bestjoerlike regio Noard-Kebek (Nord-du-Québec). Under de Oerienkomst oangeande de Jamesbaai en Noardlik Kebek (James Bay and Northern Quebec Agreement), út 1978, falt it grutste part fan Nûnavik ûnder it (net-autonome) Regionaal Regear Kativik, dat finansiere wurdt troch de provinsje Kebek (50%), de Kanadeeske federale oerheid (25%) en út pleatslike belestingynkomsten (25%).

 
De flagge fan 'e Makivik Korporaasje, dy't de Inûyt fan Kebek fertsjintwurdiget.

De Makivik Korporaasje, mei syn haadkertier yn Kuujjuaq, is de offisjele fertsjintwurdigjende organisaasje fan 'e Inûyt fan noardlik Kebek yn harren relaasjes mei de provinsjale en federale oerheden. Dy organisaasje stribbet nei mear selsbestjoer foar de regio, en ûnderfûn de útkomst fan it referindum fan 2011 as in slimme tebeksetter. Koartby hat de Makivik Korporaasje troch ûnderhannelings in oerienkomst berikt oer de tradisjonele lânrjochten fan 'e Nûnavikske Inûyt op 'e (fierhinne ûnbewenne) eilannen yn 'e Hudsonbaai en de Hudsonstrjitte, dy't bestjoerlik allegear ûnder it territoarium Nûnavût falle.

It Kry-doarp Whapmagoostui, dat in enklave foarmet op 'e eastkust fan 'e Hudsonbaai, fuortby it Inûyt-doarp Kuujjuaraapik, heart ta de Kry Regionale Autoriteit, it semy-autonome regear fan 'e Grutte Ried fan de Kry (Grand Council of the Crees). De Naskapy fan 'e Naskapy Naasje fan Kawawachikamach, oan 'e súdeastgrins fan Nûnavik, hat de eksklusive jachtrjochten yn besit yn in oansjenlike krite yn súdlik Nûnavik, en is dêrom fertsjintwurdige yn it Regionaal Regear Kativik.

Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Nûnavik doe goed 12.000 ynwenners, wat in befolkingstichtens jout fan 0,03 minsken de km². De ynwenners neame harsels Nunavimmiut (inkeltal: Nunavimmiuq), en 90% fan harren binne etnyske Inûyt. It restant wurdt fierhinne opmakke troch blanken, al bestiet der yn it uterste súdwesten, dêr't oan 'e súdgrins fan Nûnavik it Inûyt-doarp Kuujjuaraapik en it Kry-Yndiaanske doarp Whapmagoostui tsjininoar oan lizze, in lytse Yndiaanske minderheid. Frijwol de hiele befolking fan 'e regio wennet yn fyftjin doarpen, dy't allegear oan of deunby de kust lizze:

 
De lizzing fan 'e doarpen fan Nûnavik.


Ivujivik is de noardlikste delsetting fan Kebek. Kuujjuaq is it haadplak fan Nûnavik. Kuujjuaraapik/Whapmagoostui is in bikulturele mienskip fan Inûyt en Kry (Cree). De befolking fan 'e doarpen rûn yn 2011 útinoar fan 2.375 (Kuujjuaq) oant 195 (Aupaluk).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. McGrath, Melanie, The Long Exile: A Tale of Inuit Betrayal and Survival in the High Arctic, 2006 (Alfred A. Knopf), ISBN 0 00 71 57 967 (hardcover), ISBN 0 00 71 57 975 (paperback), 268 s.

boarnen:
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.