Pieter Zeeman
Pieter Zeeman (Zonnemaire, 25 maaie 1865 – Amsterdam, 9 oktober 1943) wie in Nederlânsk natuerkundige en winner fan de Nobelpriis foar de Natuerkunde.
Jeugd
bewurkje seksjeZeeman waard berne yn Zonnemaire yn Seelân. Nei de doarpsskoalle, dy't út mar ien lokaal bestie, brocht syn heit him de basiskennis fan de Frânske taal by en koe er yn Zierikzee nei de Hegere Boargerskoalle (HBS). Al op de HBS wist Zeeman in artikel oer it noarderljocht yn it wittenskiplik blêd Nature pleatst te krijen. (It noarderljocht wie yn 1883 goed te sjen yn Nederlân). It artikel wie ûndertekene mei "Prof. Zeeman". (De redaksje priisge "the careful observations of Professor Zeeman from his observatory in Zonnemaire"!)
Zeeman moast noch in oanfollend jier nei it gymnasium yn Delft foar't er talitten wurde koe op de universiteit dêr't er wis- en natuerkunde studearje woe. Hy kaam yn 'e hûs by de konrektor dr. J. W. Lely en krige latyn en gryksk. Yn Delft krige Zeeman al kontakt mei Heike Kamerlingh Onnes, fan wa't er letter kolleezje yn de meganika krije soe.
Universiteit
bewurkje seksjeYn 1890 waard Zeeman beneamd ta assistint fan professer Hendrik Lorentz. Nei syn promoasje arbeide Zeeman in heal jier yn Straatsburch en in jier oan de Leidse Hegeskoalle foardat er yn 1896 lektor yn natuerkunde waard. Yn dat jier boaske er ek mei Johanna Elisabeth Lebret (1873 - 1962); sy krigen trije dochters en in soan.
Yn 1896 begûn er as ferfolch op syn promoasje-ûndersyk nei it Kerreffekt in ûndersyk nei it effekt fan magnetyske fjilden op ljocht en ûntduts wat no bekend is as it Zeemaneffekt. Hy publissearre dêroer yn 1897 yn Nature en oare wichtige tydskriften. Zeeman syn ûntdekking wie ûnder oaren in bewiis foar Lorentz' teorie fan de elektromagnetyske strieling.
Zeeman wie heechlearaar natuerkunde oan de Universiteit fan Amsterdam fan 1900 ôf. Yn 1908 waard er dêre direkteur fan it Natuerkundich ynstitút as opfolger fan prof. Van der Waals. Yn 1902 dielde er de Nobelpriis mei Hendrik Lorentz foar syn ûntdekking fan it Zeemaneffekt en yn 1912 ûntfong er de Matteucci Medalje. Oant syn dea ta bleau er warber yn it ûndersykjen fan de fuortplanting fan ljocht yn media sa as wetter, kwarts en fjoerstien.
Erkenning
bewurkje seksjeYn 1932 waard Zeeman ta eare fan it 350-jierrich bestean fan de Amsterdamske Hegeskoalle, en om't de Universiteit fan Göttingen Nederlân tankje woe foar de protte fertsjinsten op it mêd fan natuerkunde, ta earelid fan de Universiteit fan Göttingen beneamd.
Zeeman hat in protte earedoktoraten ûntfongen, ûnder oaren fan de universiteiten fan Oxford en Leuven, en hy waard (eare)lid fan ferskate wittenskiplike genoatskippen.
By syn ôfskied, yn 'e âldens fan 70 jier, waard Zeeman beneamd ta Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Yn 1940 waard by gelegenheid fan syn 75e jierdei it út 1923 stammende fysika-laboratorium te Amsterdam nei him neamd en op de Moanne is de Zeeman krater nei him neam.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Albert van Helden Pieter Zeeman 1865 – 1943 Ing: K. van Berkel, A. van Helden en L. Palm ed., In skiednis fan wittenskip yn Nederlân. Oersjoch, temas en referinsjes (Leien: Brill, 1999) 606 - 608.
- Biografy yn it Nobel e-museum en Nobel Lecture.
- P.F.A. Klinkenberg, Zeeman, Pieter (1865-1943), yn Biografysk Wurdboek fan Nederlân.
- Biografy fan Pieter Zeeman (1865 - 1943) yn de Nasjonale bibleteek fan Nederlân.
- Anne J. Kox, Wetenschappelijke feiten en postmoderne fictie in de wetenschapsgeschiedenis, Ynhuldigings lêzing (1999).
- Pim de Bie, prof.dr. P. Zeeman Zonnemaire 25 maaie 1865 - Amsterdam 9 oktober 1943 Grêvewebstee Pieter Zeeman
- Pieter Zeeman, Bysûndere samlings Leien.
- foto & koarte ynfo
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|