Universiteit Leien

(Trochferwiisd fan Universiteit Leiden)

De Universiteit Leien (Latynske namme: Academia Lugduno-Batava; Ingelske namme: Leiden University), ôfkoarten as UL, waard oprjochten yn 1575 en is de âldste universiteit fan Nederlân. De universiteit hat njoggen fakulteiten, dêr't mear as 25.000 oan studinten ynskreaun steane (stand: akademysk jier 2015-2016). De namme fan de universiteit wie oant 1998 Ryksuniversiteit Leien.

Universiteit Leien
It segel fan de Universiteit Leien
It segel fan de Universiteit Leien
Namme
Latynske namme Academia Lugduno-Batava
Biedwurd Libertatis Praesidium ('bolwurk fan de frijheid')
Lokaasje
Lân Nederlân
Plak Leien & De Haach
Oare bysûnderheden
Oprjochting 8 febrewaris 1575
Rektor Prof. dr. Hester Bijl
Tal studinten 29.542 (2017/2018)
Tal meiwurkers 6.500 (31 desimber 2017)
Netwurken Coimbra, EUA, Europaeum, LERU, SAE
Offisjele webside
www.leidenuniv.nl

De universiteit wie in geskink fan Willem fan Oranje oan de stêd Leien nei it Leidsk ûntset. Neffens de oerlevering koenen de boargers as beleanning foar harren dappere ferset tsjin de Spanjaarden kieze út tsien jier gjin belesting betelje of in universiteit. De universiteit waard op 8 febrewaris 1575 stifte en krige as motto Libertatis Praesidium, wat "bolwurk fan de frijheid" betsjut, of yn de wurden fan Willem fan Oranje: "in vast stuensel ende onderhoudt der vryheyt". Hy finansiere de universiteit mei de besittings fan de katolike abdij fan Egmond dy't hy yn 1573 tegearre mei it kastiel fan Egmond ferwoaste litten hie troch de Geuzen ûnder lieding fan Diederik Sonoy.

De "Anty-Paepsche" ûntsteansskiednis wêryn't Leien benammen in protestantske tsjinhinger fan it katolike Leuven yn de Lege Lannen wurde moast, spile yn de fierdere skiednis fan de Leienske universiteit ider kear wer op. Al daliks fûn de Synoade fan Hollân dat har it tafersjoch op it ûnderwiis takaam, dêr't Oranje en de Steaten van Hollân harren mei sukses tsjin fersetten.

 
It akademygebou oan it Rapenburg

De universiteit siet yn it earstoan yn it Sinte Barbarakleaster, mar ferhuze yn 1577 nei it Faliede Bagijnhof oan it Rapenburch, om yn 1581 ûnderdak te kiezen yn it konfiskearde kleaster fan de dominikaanske Wite Nonnen oan de oerside fan de grêft. Dat gebou wurdt (nei de nedige ferbouwings) noch altyd as it Akademygebou fan Leien brûkt.

De oanwêzigens fan gelearden as Justus Lipsius, Joseph Scaliger, Franciscus Gomarus, Hugo de Groot, Jacobus Arminius, Daniël Heinsius, Snellius en Gerard Vossius ferskafte de Leiske universiteit grut Jeropeesk oansjen. Dizze posysje waard ta de ein fan de 18e iuw behâlden troch de reputaasje fan gelearden as Herman Boerhaave. Bekende njoggentjinde-iuwske alumny wienen Johan Rudolf Thorbecke, grûnlizzer fan de Nederlânske grûnwet, en Matthias de Vries, de heit fan de Nederlânske taalkunde. Yn 1860 waard Robert Fruin de earste beklaaier fan de learstoel heitelânske skiednis, wêrmei't in begjin makke waard mei de provisjonele beöefening fan de skiedswittenskap yn Nederlân.

Der wie yn de Gouden Iuw benammen ûnderrjocht yn filosofy en kennis fan de klassike Romeinske en Grykske skiednis. Dêrby waard der ûnderrjocht jûn yn de sân frije keunsten (grammatika, dialektika, retorika, aritmetika, geometria, musika, astronomia). Dizze fakken waarden op frijwol elke universiteit fan dy tiid jûn. Nij yn Leien wie lykwols de skermskoalle. It skermjen moast in presys wiskundich patroan folgje. Hjirút folge de oprjochting fan de 'nederdútske matematyk', it ienige fak yn de folkstaal. Dizze beide lêste fakken hienen benammen in militêre betsjutting en foldienen ûnder mear oan de behoefte fan prins Maurits oan kennis fan besjittingstechniken en fêstingbou yn ferbân mei de Tachtichjierrige Oarloch tsjin Spanje.

19e en 20e iuw

bewurkje seksje

Oan de ein fan de njoggentjinde iuw waard de Leienske universiteit wer ien fan Jeropa's meast foaroansteande universiteiten. Yn 't earste universitêre legetemperatuerenlaboratorium fan 'e wrâld berikte heechlearaar Heike Kamerlingh Onnes in temperatuer fan mar ien graad boppe it absolute nulpunt (–273 graden Selsius). Yn 1908 slagge it him as earste om helium floeiber te meitsjen en hy ûntdekte boppedat it ferskynsel fan supergelieding yn metalen.

Kamerlingh Onnes krige de Nobelpriis yn de natuerkunde yn 1913. Oare Leidske heechleararen dy't dizze priis krigen binne Pieter Zeeman en Hindrik Lorentz foar de beskriuwing en ferklearring fan it Zeemaneffekt. De fysiolooch Willem Einthoven krige de Nobelpriis foar de útfining fan de snaargalvanometer, dy't, ûnder oare, de ûntwikkeling fan de elektrokardiografy mooglik makke.

Neist dizze Nobelpriiswinners dreaunen ek de natuerkundigen Albert Einstein en Paul Ehrenfest, Arabist en islamekspert Christiaan Snouck Hurgronje en rjochtsgelearde Cornelis van Vollenhoven, de universiteit yn de jierren '20 fan de tweintichste iuw op ta grutte hichten.

Op 26 novimber 1940 hold de heechlearaar Rudolph Cleveringa, dekaan fan de juridyske fakulteit, in gloedfolle taspraak yn it Akademygebou om te protestearen tsjin it ûntslach fan de Joadske wurknimmers, wêrûnder de jurist Eduard Meijers, de lettere grûnlizzer fan it nije Boargerlik Wetboek. Om de taspraak te betinken organisearret de universiteit elk jier noch altyd de Cleveringawike, wêryn't oer de hiele wrâld lêzings hâlden wurde.

Ek staakten de studinten. De universiteit waard dêrnei troch de besetter sluten. In septimber 1945 waard hy wer iepene.

Oare ferneamde Leienske gelearden út de tweintichste iuw binne histoarikus Johan Huizinga, auteur fan Herfsttij der Middeleeuwen, en de astronomen Willem de Sitter en Jan Hindrik Oort.

De Universiteit Leien hat in stevige ynternasjonale posysje ferwurven ûnder topûndersyksynstituten yn ferskeidene ûndersyksgebieten, wêrûnder de natuerwittenskippen, de genêskunde, de sosjale wittenskippen, de rjochtsgeleardheid en de letteren. Fan de 48 takende Spinozapreemjes, (de heechste Nederlânske wittenskiplike ûnderskieding) binne der njoggen takend oan heechleararen oan de Universiteit Leien: oan neerlandikus Frits van Oostrom, taalkundige Frits Kortlandt, wiskundige Hindrik Lenstra, natuerkundige Carlo Beenakker, stjerrekundige Ewine van Dishoeck, medysk biologe Els Goulmy, epidemiolooch Frits Rosendaal, pedagooch Rien van IJzendoorn en natuerkundige Jan Zaanen.

 
It Pieter de la Court-gebou, haadgebou foar de Fakulteit fan de Sosjale Wittenskippen

De Universiteit Leien hat njoggenfakulteiten:

De lêste fakulteit is yn 2001 oprjochte yn gearwurking mei de Hegeskoalle fan Byldzjende Keunsten, Muzyk en Dûns yn Den Haach.

Neist de fakulteiten hat de universiteit ek it Sintrum foar Miljeuwittenskippen Leien (CML) en de Leien University School of Management.

Ek is der de Kampus Den Haach fan de Universiteit Leien dy't yn Den Haach sit. De Haach is it bestjoerlik en politike hert fan Nederlân en profilearret har ek as juridyske haadstêd fan de wrâld. Hjirtroch hat de universiteit yn 1999 besletten om in njonkenfêstiging op te rjochtsjen yn gearwurking mei dizze gemeente. Op de kampus biedt de Universiteit Leien bepaalde akademyske opliedingen oan op it mêd fan de rjochtsgeleardheid, politikology en bestjoerskunde.

Earedoktoraten

bewurkje seksje

Jierliks wurdt by de fiering fan de dies natalis fan de universiteit, 8 febrewaris, in earedoktoraat útrikt. Neffens art. 49 fan it promoasjereglemint komme yn beneaming:

  • persoanen dy't ûndersyk ferrjochte hawwe dat foar wittenskipsbeoefening oan de universiteit of foar de wittenskip yn it algemien fan útsûnderlike betsjutting west ha;
  • persoanen dy't yn wittenskiplik, kultureel of maatskiplik opsicht wurksumheden ferrjochte ha wêrtroch't wittenskiplik ûnderwiis en ûndersyk op útsûnderlike wize befoardere binne;
  • by hege útsûndering en inkeld op foardracht fan de rektor magnifikus: persoanen dy't troch harren wurksumheden op útsûnderlike wize bydragen ha oan it heechhâlden fan it devys fan de universiteit Libertatis Praesidium.

Op dizze lêste grûn is oant no ta (2005) mar twa kear in earedoktoraat útrikt:

Bekende alumny en dosinten

bewurkje seksje

Hjirûnder in list fan bekende minsken dy't oan de Universiteit fan Leien studeare (alumni) of doseare hawwe:

  • P.C. Molhuysen: Bronnen tot de geschiedenis der Leidsche Universiteit, 1574-1811. De Haach : Martinus Nijhoff. 7 dielen, 1910-1924.
  • Th.H. Lunsingh Scheurleer and G.H.M. Posthumus Meyjes (eds), Leiden University in the Seventeenth Century. An Exchange of Learning (Leien, 1975). ISBN 9004042679
  • Willem Otterspeer: Het bolwerk van de vrijheid : de Leidse universiteit, 1575-1672. Amsterdam : Utjouwerij Bert Bakker, 2000. ISBN 90-351-2240-2
  • Willem Otterspeer: De vesting van de macht : de Leidse Universiteit, 1673-1775. Amsterdam : Utjouwerij Bert Bakker, 2002. ISBN 90-351-2399-9
  • Willem Otterspeer: De werken van de wetenschap : de Leidse universiteit, 1776-1876. Amsterdam : Utjouwerij Bert Bakker, 2005. ISBN 90-351-2746-3
  • Willem Otterspeer: Het bolwerk van de vrijheid : de Leidse universiteit in heden en verleden. Leiden University Press, 2008. ISBN 9789087280246 (=koarte ferzje fan de dielen 1-3 plus de jierren 1877-2000)

Keppeling om utens

bewurkje seksje
 
Universiteiten yn Nederlân
Bekostige

Amsterdam · Delft · Eindhoven · Frije Universiteit · Grins · Iepen Universiteit · Leien · Maastricht · Nimwegen · Rotterdam · Tilburch · Twinte · Utert · Wageningen

Oanwiisd

Humanistyk · Kampen (Broederweg) · Nyenrode · Protestantse Theologische Universiteit · Saba · TIAS · T.U. Apeldoorn

Ynternasjonaal

Limburg · Webster University

Eardere universiteiten

Harderwyk · Frjentsjer · Kwartierlijke Academie van Nijmegen · K.T.U. Utrecht

  ·   ·