Tsjêbe Hemsterhuis
Tiberius (of Tjebbe) Hemsterhuis (Grins, begjin jannewaris 1685 – Leien, 7 april 1766) wie in filolooch en taalkundige. As heechlearaar Gryksk oan de universiteiten fan Frjentsjer en Leien wie er de stimulator fan de oplibbing fan de Grykske stúdzjes yn Nederlân yn de 18e iuw. It ôfbyld dat by A. Gudeman, Imagines philologorum (1910) stiet (en net allinnich dêre), is trouwens net dy fan Hemsterhuis, mar fan Snellincx.
Biografy
bewurkje seksjeTiberius Hemsterhuis kaam út in Frysk laach. Syn heit wie Franciscus Hemsterhuis (± 1630-1705), dy't promovearre wie yn de genêskunde en de filosofy yn Padua en him dêrnei as arts yn Grins fêstige hie. Tiberius gie yn de jierren 1696-1698 nei de Latynske skoalle yn Grins. Yn 1698 waard hy as trettjinjierrich wûnderbern ynskreaun as studint teology oan de universiteit Grins, mar hy blonk ek út yn de wiskunde en de easterske talen. Yn 1701 naam syn heit him nei Amsterdam en dêrnei nei Leien, dêr't hy op 21 septimber 1702 ynskreaun waard as studint. Hy waard yn 1704 heechlearaar filosofy en wiskunde yn Amsterdam, dêrnei waard er heechlearaar Gryksk, 1717-1740 yn Frjentsjer en 1740-1765 yn Leien. Hy troude op 1 oktober 1716 mei Cornelia Maria de Wilde (1686-1766), mei wa't hy trije soannen krige: Jacobus (1717), Frans (1721) en Tiberius (1724). Frans Hemsterhuis soe in ferneamd filosoof wurde, de oare beide soannen stoarnen begjin tweintich. Tiberius gie yn 1765 mei emeritaat en stoar yn 1766. Hy waard beïerdige yn de Piterstsjerke yn Leien. Op 8 febrewaris 1768 spruts de heechlearaar David Ruhnken, dy't Hemsterhuis syn favorite learling west hie, by wize fan rektoraatsrede in Elogium Tiberii Hemsterhusii ('Lofrede op Tiberius Hemsterhuis') út, dêr't er yn in soad priizge biografyske skets fan Hemsterhuis joech.
Opfettings
bewurkje seksjeBy syn stúdzje yn Leien wie Jacob Perizonius (1651-1715) de learmaster fan Hemsterhuis yn it Gryksk. Fan him learde hy as filolooch in rommere belangstelling te hawwen as foar taal en grammatika allinnich. Hemsterhuis ûndergie sterk de ynfloed fan de opfettings fan Descartes. Dat docht bliken út syn grutte wurdearring foar de wiskunde en út it feit dat hy troch boarnenûndeersyk by de oarsprong fan dingen komme woe. Dit ferklearret ek foar in part syn belangstelling foar it Gryksk. Hy wie de earste Nederlânske heechlearaar dy't him allinnich op it Gryksk rjochte.
De opfettings fan Hemsterhuis komme benammen nei foaren út syn redefierings. De wichtichste dêrfan binne:
- Oratio de Graecae linguae praestantia, ex ingenio Graecorum et moribus probata (‘Rede oer de treflikens fan de Grykske taal, bewiisd op grûn fan de sjeny en de seden fan de Griken’, ynaugurele rede te Frjentsjer, 1720)
- Oratio de mathematum et philosophiae studiis cum literis humanioribus conjungendis (‘Rede oer de ferbining fan de stúdzje fan de wiskunde en de filosofy mei de letteren’, grif in yn Frjentsjer hâlden rektoraatsrede út 1739)
- Oratio de literarum humaniorum studiis ad mores emendandos virutisque cultum conferendis (‘Rede oer de bydrage fan de stúdzje fan de letteren oan it ferbetterjen fan de seden en de beoefening fan de deugd’, ynaugurele rede te Leien, 1740)
It gie Hemsterhuis der net om in filolooch te foarmjen troch de stúdzje fan de Grykske kultuer, mar in heechsteand minsk. De taalkunde wie foar him gjin doel, mar inkeld middel. Dy opfettings waarden oernomd troch Lodewijk Caspar Valckenaer (1715-1785), dy't in learling wie fan Hemsterhuis en him as heechlearaar Gryksk opfolgje soe yn Frjentsjer en Leien. Se hienen ek in protte belangstelling foar literatuergeskiednis; dêrby sochten se nei de sjeny fan de auteurs, dy't blike moast út harren styl. De fernijing fan de bestudearring fan it Gryksk en de Grykske kultuer dy't mei Hemsterhuis begûn en benammen troch Valckenaer fuortset waard, wurdt wol de Schola Hemsterhusiana neamd.
Publikaasjes
bewurkje seksjeHemsterhuis hat mar in pear tekstútjeften publisearre. Syn krêft lei earder yn it ûnderwiis en it stimulearjen fan oaren. Syn earste publikaasje yn 1706 wie in útjefte fan it Onomasticon fan Pollux út de 2e iuw, wêroan Joh. Henr. Lederlin al begûn wie en dy't troch Hemsterhuis foltôge waard. Yn 1708 makke hy in foar skoalbern bedoelde útjefte fan inkele petearen fan Lucianus en dy syn soan Timon. Hy wurke ek oa in útjefte fan in samle wurk fan Lucianus, mar neidat hy mar in seisde diel klear hie, waard it wurk ôfmakke troch J.F. Reitz en ferskynde it yn 1743. De ienige oare útjefte fan Hemsterhuis wie in edysje fan de Plutus fan Aristophanes yn 1743.
Literatuer
bewurkje seksje- J.G. Gerretzen, Schola Hemsterhusiana. De herleving der Grieksche studiën aan de Nederlandsche universiteiten in de achttiende eeuw van Perizonius tot en met Valckenaer, Nijmegen-Utrecht 1940.
- Lectio publica Tiberii Hemsterhusii de originibus linguae Graecae, edited by J.H. Halbertsma; new edition with a prefatory essay by Jan Noordegraaf and an introductory article by Anthonia Feitsma, Amsterdam-Münster 1997.
- Jan Noordegraaf, 'The Schola Hemsterhusiana Revisited', in: History and Rationality. The Skövde Papers in the Historiography of Linguistics. (= Acta Universitatis Skodvensis. Series Linguistica.1.). Hrsg. v. Klaus D. Dutz & Kjell-Åke Forsgren. Münster: Nodus Publikationen 1995, 133-158. (Bijgewerkte versie in Jan Noordegraaf, The Dutch Pendulum. Linguistics in the Netherlands 1740-1900. Münster: Nodus Publikationen 1996, 23-55].
- Jan Noordegraaf, 'Hemsterhuis, Tiberius (1685-1766)', in: The Dictionary of seventeenth and eighteenth-century Dutch philosophers. Ed. by Wiep van Bunge a.o. Vol. 1. Bristol: Thoemmes Press 2003, 424-427.
- Pieter A. Verburg, 'The School of Hemsterhuis' in: Pieter A. Verburg, Language and its functions. A historico-critical study of views concerning the functions of language from the pre-humanistic philology of Orleans to the rationalistic philology of Bopp. Transl. by Paul B. Salmon. Amsterdam & Philadelphia: John Benjamins 1998, 445-452.