Menelaus Winsemius

Menealaus Winsemius (Ljouwert, 6 febrewaris 1591 - Frjentsjer, 15 maaie 1639) wie in medikus út Ljouwert en heechlearaar yn Frjentsjer (1616). Syn biedwurd wie: Vita circense curriculum (It libben is in wedrin).

Menelaos Winsemius
(Koll. Museum Martena)

Winsemius hie studearre yn Leien as learling en hûsfreon fan Pieter Pauw. Winsemius promovearre dêr op l novimber 1612. Yn Frjentsjer makke er him fertsjinstlik yn de botany. By de akademy wie in ferwaarloaze akademytún dy't troch Alardus Auletius (1589-1606), de earste heechlearaar yn de genêskunde, op eigen kosten ynrjochte wie as kweekplak fan planten. Doe't Deputearre Steaten der gjin jild yn stekke woenen krige Winsemius it yn 1631, doe't hy rektor magnifikus wie en waard de tún offisjeel in hortus botanicus fan de universiteit. De tún waard útwreide en letter waard der in wenning by boud foar syn opfolger Johannes Antonides van der Linden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Winsemius, Menelaus.