Willem de Sitter
Willem de Sitter (Snits, 6 maaie 1872 – Leien, 20 novimber 1934) wie in Frysk wiskundige, astronoom, kosmolooch en natuerkundige.
Libben
bewurkje seksjeDe Sitter is berne yn Snits yn ien fan 'e huzen neist de Snitser Wetterpoarte, as in soan fan rjochter Lamoraal Ulbo de Sitter en Katharina Bestling. By syn stúdzje wis- en natuerkunde yn Grins rekke hy hieltiten mear ynteresseard yn de kosmology. Fanút syn wiskundige eftergrûn makke hy mei statistyske techniken ferskillende modellen om it ûntstean fan de kosmos te beskriuwen.
Doe't hy op de hichte brocht waard fan de relativiteitsteory, seach hy fuort it belang hjir fan. Hy joech dan ek in soad bekendheid oan de teoryen fan Einstein. Yn de Earste Wrâldoarloch stjoerde de doe noch Dútske Einstein syn teoryen fia it neutrale Nederlân nei De Sitter. De Sitter stjoerde it wer troch nei de ingelske Sir Arthur Eddington. Dy wist koart nei de oarloch Einsteins teory oer it dieltsjeskarakter fan ljocht te befêstigjen mei in detaillearde analyze fan in sinnefertsjustering.
De Sitter begûn sels in briefwikseling mei Einstein. Dat late úteinlik ta it no ferâldere Einsteins- De Sittermodel. Yn dit model is de kromming fan de romte hast gelyk oan nul en kin dêrtroch op in frijwol euklidyske wize beskreaun wurde. Yn in euklidysk universum is de koartste ôfstân tusken twa punten in rjochte streek.
Yn 1918 frege hy Anton Pannekoek foar de stjerrewacht yn Leiden. Mar dat koe net trochgean. De Minister Ruijs de Beerenbrouck kearde it op. Fanwege de linkse ideeën fan Pannekoek.
De Sitter is ferstoarn yn 1934 yn Leien. Op de moanne is in ynslachkrater nei him neamd.
- 1891 stúdzje wis- en natuerkunde Ryksuniversiteit Grins.
- 1897-1899 nei Kaapstêd foar kosmologyske analyzes.
- 1901 Promoasje by Jacobus Cornelius Kapteyn. De titel fan syn dissertaasje wie: 'Discussion of heliometer observations of Jupiter's satellites'.
- 1908 heechlearaar Astronomy Ryksuniversiteit Leien.
- 1918 direkteur fan de Stjerrewacht Leien.
- 1925-1928 presidint fan de Ynternasjonale Astronomyske Uny.
- 1932 publikaasje fan it Einstein- De Sitter model
Wurken
bewurkje seksje- Discussion of heliometer-observations of Jupiter’s satellites, Wolters, Grins (1901)
- A determination of the inclinations and nodes of the orbits of Jupiter’s satellites, Edinburgh (1906)
- Derivation of final inclinations and nodes of the orbital planes of Jupiter’s satellites, Londen (1914)
- Determination of the mass of Jupiter and elements of the orbits of its satellites from observations made with the Cape heliometer (co-auteurs : Sir David Gill en William Henry Finlay), Edinburgh (1915)
- On the longitude of the sun in the years 1864-1900, and the rotation of the earth, J.Enschedé en Zonen, Haarlim (1927)
- Orbital elements determining the longitudes of Jupiter’s satellites, derived from observations, J. Enschedé en Zonen, Haarlim (1928)
- Jupiter’s Galilean satellites : George Darwin lecture, Edinburgh (1931)
- The size of the universe, Astronomical Society of the Pacific, San Fransisko (1932)
- Kosmos, Harvard University Press, Cambridge (1932)
- On the expanding universe, Amsterdam (1932)
- Short history of the Observatory of the University at Leiden, 1633-1933, J.Enschedé en Zonen, Haarlim (1933)
- The astronomical aspect of the theory of relativity, University of California press, Berkeley (1933)
- On the system of astronomical constants, Haarlim (1937)