Hendrik Lorentz
Hendrik Antoon Lorentz (Arnhim, 18 july 1853 - Haarlim, 4 febrewaris 1928) wie in Nederlânsk natuerkundige dy't yn 1877 heechlearaar waard yn de teoretyske natuerkunde yn Leien.
Hendrik Lorentz | ||
Hendrik Lorentz | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hendrik Antoon Lorentz | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 18 july 1853 | |
berteplak | Arnhim | |
stoarn | 4 febrewaris 1928 | |
stjerplak | Haarlim | |
wurkpaad | ||
berop/amt | heechlearaar yn de teoretyske natuerkunde | |
aktyf as | natuerkundige | |
prizen | Nobelpriis foar de Natuerkunde 1902 |
Hendrik Lorents hie in grut oandiel yn de opbou fan de natuerkunde. Yn 1902 krige er, tegearre mei professor Pieter Zeeman, de Nobelpriis foar de Natuerkunde foar harren ûndersyk nei de ynfloed fan magnetisme op spektraallinen: it zeemaneffekt. Lorentz die foaral teoretysk ûndersyk nei de elektromagnetyske eigenskippen fan matearje: syn elektroneteory. Hy kaam ta de ûnderstelling dat de ôfmjitting fan foarwerpen beynfloede wurdt troch harren faasje (de lorentzkontraksje) lykas ek harren massa. Ek naam er oan dat de ljochtsnelheid de heechst mooglike faasje is. Dêrmei lei hy de basis foar de spesjale relativiteitsteory fan Albert Einstein. Lorentz wie de nestor fan de natuerkundigen yn syn tiid: Einstein seach by him op. De lorentzkrêft op in stroomfierende tried of lieder yn in magneetfjild is nei him ferneamd, lykas ûnder mear de lorentztransformaasje út de spesjale relativiteitsteory, de Lorentz-Lorenz-ferliking foar de brekkingsyndeks en de lorentzferdieling út de statistyk.
Steatskommisje Sudersee
bewurkje seksjeNei syn emeritaat wurke er fan 1918 oant 1926 mei oan plannen foar de drûchlizzing fan de Sudersee. Hy stelde de golfferliking op, wêrmei't de wetterhichten - en dêrmei nedige dykhichtes - nei ôfsluting troch de Ofslútdyk foarsein wurde koene. Hy late de Steatskommisje Sudersee (ek wol "Commissie Lorentz" neamd).
Dat wie yn dy tiid gjin ienfâldige opdracht. Acht jier lang wie er dwaande mei dit probleem. Hy stelde út om de perblemen mei de wetterhichten op te lossen mei numerike wiskunde. De bewegingsferlikingen foar wetter moasten oplost wurde foar de geulen. It wurk fan de kommisje hat fan grutte betsjutting west foar it wetterrinkundich ûndersyk yn Nederlân. De troch him ûntwikkele metoade foar tijberekkeningen wie de basis foar moderne numerike rekkenmodellen. Nei it ôfmeitsjen fan de Ofslútdyk yn 1933 die bliken dat de foarsizzings fan de kommisje foar in grut part krekt wiene.
De Lorentzslûzen binne ek nei him neamd.
De ein
bewurkje seksjeOp 4 febrewaris 1928 ferstoar er oan in belroasynfeksje mei koartsoanfallen, hy waard 74 jier.
Hy waard ûnder massale belangstelling en oanwêzigens fan tal fan kollega-wittenskippers en heechweardichheidsbekleders beïerdige op Begraafplak Kleverlaan yn Haarlim. Der waarden sels ekstra treinen ynset om alle dielnimmers oan de begraffenis te plak te krijen. [1] [2]
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|