Karel van het Reve

Karel van het Reve (Amsterdam, 19 maaie 1921 — dêre, 4 maart 1999) wie in Nederlânsk letterkundige, oersetter, essayist, skriuwer en kollumnist. Van het Reve skreau ek ûnder it pseudonym Henk Broekhuis. Fan 1957 oant 1983 wie er heechlearaar Slavyske letterkunde oan de Ryksuniversiteit Leien.

Karel van het Reve
skriuwer
Karel van het Reve (1982)
Karel van het Reve (1982)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Karel van het Reve
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 19 maaie 1921
berteplak Amsterdam
stoarn 4 maart 1999
stjerplak Amsterdam
wurk
taal Nederlânsk
sjenre kollumns,
romans
bekendste
  wurk(en)
Het geloof der kameraden (1969),
Met twee potten pindakaas naar Moskou (1970),
De ongelooflijke slechtheid van het opperwezen (1987)
útjouwer G.A. van Oorschot
jierren aktyf 1954-1996
Mem van het Reve, mei Karel (midden) en Gerard (1929)

Hy is de soan fan Gerard van het Reve (senior), dy't skreau ûnder it pseudonym fan Gerard Vanter, en âldere broer fan de bekende skriuwer Gerard Reve. Hy is de pake fan de skriuwer Jonathan van het Reve en de skoanheit fan syn mem, Ileen Montijn.

Karel van het Reve is grutbrocht mei it Kommunisme, mar as adolesint ferlear er syn 'leauwe' en waard er in aktive kritikus en tsjinstanner fan it Sovjet rezjym. Mei syn help koe it wurk fan Andrej Amalrik yn it Westen útjûn wurde. De troch him oprjochte Alexander Herzen Stifting hie as doel it útjaan fan dissidinte Sovjet literatuer.

In grutte fertsjinste fan Van het Reve hat de ynspiraasje foar syn studinten Slavistyk west. Mei harren hat er in soad Russyske literatuer oerset en allinnich hat er in protte wurk fersetten foar de Russyske Bibleteek fan Utjouwerij Van Oorschot. In wichtich part fan de Russysk-Nederlânsk oersetters is troch him oplaat. De skriuwers Maarten Biesheuvel en Maarten 't Hart hawwe ek kolleezje by him folge.

Syn bekendste fakpublikaasje is 'De skiednis fan de Russyske literatuer'. It is in tige lêsber boek troch it ferhalend karakter en de anekdotyk. It lêste kaam him op krityk te stean fan syn fakbruorren.

Fierders wurdt Van het Reve as in betûft essayist beskôge mei niget oan in grut ferskaat fan saken.

Literêre prizen bewurkje seksje

Publikaasjes (ûnfolslein) bewurkje seksje

Wittenskiplik bewurkje seksje

  • Goed en schoon in de Sovjetcritiek. Beschouwingen over de aesthetica van het Sovjetrussische marxisme (1954; proefskrift)
  • Sovjet-annexatie der klassieken. Bijdrage tot de geschiedenis der marxistische cultuurbeschouwing (1954; hannelsedysje proefskrift)
  • Geschiedenis van de Russische literatuur. Van Vladimir de Heilige tot Anton Tsjechov (1985)

Essays bewurkje seksje

  • De "ouderwetse roman" in Rusland. Rede útsprutsen by it oannimmen fan it amt fan heechlearaar in de Slavysche letterkunde oan de Ryksuniversiteit te Leien op 18 oktober 1957 (1957) (Letter mei lytse feroarings opnommen yn Rusland voor beginners.)
  • Rusland voor beginners. Tien opstellen over literatuur (1962)
  • Siberisch dagboek (1966)
  • Kanttekeningen bij Ton Regtien (De Vrije Bladen 4, met tekeningen van F. Behrendt) (1969)
  • Het geloof der kameraden. Kort overzicht van de communistische wereldbeschouwing (1969)
  • Met twee potten pindakaas naar Moskou (1970)
  • Marius wil niet in Joegoslavië wonen. En andere stukken over cultuur, recreatie en maatschappelijk werk (1970)
  • Lenin heeft echt bestaan (1972)
  • Uren met Henk Broekhuis (1978)
  • Literatuurwetenschap: het raadsel der onleesbaarheid (Huizingalezing, 1978) (Deze lezing is later opgenomen in Een dag uit het leven van de reuzenkoeskoes.)
  • Een dag uit het leven van de reuzenkoeskoes (1979)
  • Dankwoord bij de aanvaarding van de P.C. Hooftprijs 1981, uitgesproken in het Muiderslot op 19 mei 1982 (mei krityske kanttekening fan S. Carmiggelt) (1982) (* Freud, Stalin en Dostojevski (1982)
  • Afscheid van Leiden (1984)
  • De leerboeken en ik. Voordracht, uitgesproken bij de viering van het 150-jarig bestaan van Wolters-Noordhoff in de Oosterpoort te Groningen op 11 oktober 1986 (1986) (Dizze foardracht is letter opnomme yn De ongelooflijke slechtheid van het opperwezen.)
  • De ongelooflijke slechtheid van het opperwezen (1987)
  • Zie ook onder Mozes (1988) (De tekst fan in lêzing dy't Karel van het Reve hâlde op in symposium fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen: 'Cultureel analfabetisme'.)
  • De ondergang van het morgenland (1990)
  • Waarom Russisch leren. Voordracht in het kader van de Alexander Hegiuslezing 1991 (1991)
  • Een grote bruine envelop. Een keuze uit eigen werk (1991)
  • Luisteraars! (1995)
  • Apologie (1996) (In reaksje op it liber amicorum Uren met Karel van het Reve)
  • Achteraf (1999)
  • Ik heb nooit iets gelezen en alle andere fragmenten (2003)
  • Arnon Grunberg leest Karel van het Reve (2004) (karlêzing)

Fiksje bewurkje seksje

  • Twee minuten stilte (1959)
  • Nacht op de kale berg (1961)
  • Fascistoïde drek. Een ware geschiedenis (opdroegen oan Maarten Biesheuvel), De Tweede Ronde, simmer 1980

Poëzij bewurkje seksje

  • Verbaast u dit, nuchtere lezer? Zevenentwintig limericks en een ballade (1991)

Biografyen oer Karel van het Reve bewurkje seksje

  • Willem Melching: De zelfdenker. Karel van het Reve, 1921-1999. Amsterdam, Prometheus, 2023. ISBN 9789044650389
  • Theodor Holman, Karel, Zjizn njenoezjnogo tsjeloveka, Amsterdam: C.J. Aarts 1991
  • Ger Verrips, Denkbeelden uit een dubbelleven. Biografie van Karel van het Reve, Amsterdam: Arbeiderspers 2004
  • Bruno van Ravels, 'Karel van het Reve en zijn werk', Bzzlletin, jannewaris 1984, jrg. 12, nr. 112, p. 3-13 (yll., mei wiidweidich noatenapparaat)

Keppeling om utens bewurkje seksje