Jonathan van het Reve
Jonathan van het Reve (Amsterdam, 14 novimber 1983) is in Nederlânsk skriuwer. Hy is in soan fan David van het Reve en Ileen Montijn. Karel van het Reve wie syn pake; de skriuwer Gerard Reve wie sadwaande syn âldomke.
Yn 2007 debutearre er mei de koarte roman De boot en het meisje, útjûn troch Nijgh & Van Ditmar, dy't yn de parse frij geunstich besprutsen waard. Der wie wol krityk op de skriuwstyl. Men miende dat dy fan in debutant wie. De beskriuwende dielen fan de novelle waarden lykwols priizge.
Van het Reve hat it Vossius Gymnasium trochrûn, mar hat syn stúdzje oan de Universiteit fan Amsterdam net ôfmakke. Wilens it skriuwen fan syn earste boek wie er as kok oan 't wurk.
Hy is redakteur fan it literêre ynternettydskrift Rosa. Dêrneist is er sûnt april 2008 kollumnist by Het Parool en fan jannewaris 2009 ôf fan Vrij Nederland. Op 1 septimber 2012 gie er oer as kollumnist nei De Volkskrant.
Fan 10 febrewaris 2019 ôf presintearret er tegearre mei Tex de Wit en Diederik Smit it satiryske sportprogramma Makkelijk scoren foar de VPRO. De show rûn yn 2020 ôf.
Bibliografy
bewurkje seksjeBoeken
bewurkje seksje- De boot en het meisje (2007)
- Niet willen of niet kunnen. Van Gogh en de nacht. Amsterdam, 2009
- Koken voor vrouwen. Van diner tot ontbijt. (mei Diede H. de Jong) Amsterdam, 2010
- Hoe Paul (per ongeluk) de poot van Piet brak. Amsterdam, 2011
- Holman liegt : de mooiste, hardste, liefste, helderste, gemeenste, slechtste, ontroerendste leugens bijeen. Red. Jonathan van het Reve. Amsterdam, Nieuw Amsterdam, 2014 ISBN 9789046816707
- Fidelio leeft nog, Das Mag, 2022 ISBN 9789493248199
Teäter
bewurkje seksjeKeppelingen om utens
bewurkje seksje- Geheim tydskrift ROSA
- Webside fan Jonathan van het Reve
- Kollumnist by de webside JALTA, the right story
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |