Fjodor Dostojevski
Fjodor Michajlovitsj Dostojevski (Russysk: Фёдор Михайлович Достоевский) (Moskou, 11 novimber 1821/30 oktober – Sint-Petersburch, 9 febrewaris 1881/28 jannewaris) wie in Russysk romanskriuwer en publisist. Hy is ien fan de bekendste auteurs út de Russyske literatuer. Hy wurdt ta de saneamde Realistyske Skoalle yn Ruslân rekkene, hoewol't syn wurk him fan oare realisten ûnderskiedet troch it wiisgearich gehalte en de oerhearskjende dialoochfoarm. Dostojevski liet in mânsk oeuvre nei.

Hy waard ûnder oaren ferneamd mei syn romans De bruorren Karamazov, Misdie en straf en De idioat. Dostojevski skreau yn in typyske hastige styl, mei in protte klam (emfaze) en herhellings. In soad fan syn wichtige persoanaazjes lije en wurde deltreaun fanwegen harren hertstocht. Dostojevski hie te lijen fan epilepsy. Nei eigen sizzen hat dat fan grutte ynfloed op syn wurk west.
BibliografyBewurkje
Romans en novellenBewurkje
- Earmerme minsken (1845)
- De dûbelgonger (1846)
- De ferstjittene (1849)
- It doarp Stepantsjikovo en syn bewenners (1859)
- De fernederden en fertraapten (1861)
- Herinneringen út it Deadehûs (1860-1862)
- Oantekeningen út it ûndergrûnse (1864)
- Misdie en straf (earder: Skuld en boete) (1866)
- De Spiler (1868)
- De idioat (1868)
- De iviige echtgenoat (1870)
- Lilke geasten (ek: Demoanen) (1872)
- De jongekeardel (1875)
- De sêftmoedige (1876)
- Deigboek fan in skriuwer (1876)
- De dream fan in belachlik minske (1877)
- De bruorren Karamazov (1879-1880)
Oar wurkBewurkje
- Brieven
- Een roman in njoggen brieven
- Menear Prochartsjin
- De hospita
- Polzoenkov
- In skruten hert
- In earlike dief
- It krystfeest en de brulloft
- De frou fan in oar en de man ûnder it bêd
- Wyte nachten
- Njetotsjka Njezvanova
- De lytse helt
- Omke's dream
- In aaklike skiednis
- Winterske opmerkings oer simmerske yndrukken
- De krokodil
Fierder lêzeBewurkje
- Dr. E. Waegemans - Russyske letterkunde. Oersjoch fan de wichtichste skriuwers en streamingen fan Poesjkin oant Soltsjenitsjin, 1988.
- Karel van het Reve - Geschiedenis van de Russische literatuur, fan Vladimir de Hillige oant Anton Tsjechov, 1985.
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
- Nabokov of Dostojevski? In artikel út de Groene Amsterdammer
- Dostojevski's gokferslaving op in edukative side oer gokken
- Dostoevsky Research Station
- Wurk fan en oer Dostojevski as Word-document
- FyodorDostoevsky.com - The definitive Dostoevsky fan site: discussion forum, essays, e-texts, photos, biography, quotes, and links.
- Full texts of some Dostoevsky's works in the original Russian
- ALEXANDER II AND HIS TIMES: A Narrative History of Russia in the Age of Alexander II, Tolstoy, and Dostoevsky
- Dostoevsky works (HTML/PDF), media gallery & interactive timeline
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Фёдор Михайлович Достоевский fan Wikimedia Commons. |